Troaje

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Troje")
Gean nei: navigaasje, sykje
De opgroeven muorren fan Troaje

Troaje wie in stêd út de Grykske Aldheid. De stêd hat lange tiid allinnich bekend west troch de Grykske heldendichten Ilias en Odyssee fan Homerus en út it Latynske heldendicht de Aeneis fan Fergillius en waard goed twatûzen jier letter opnij wer fûn troch de Dútske argeolooch Heinrich Schliemann.

Lokaasje[bewurkje seksje | edit source]

Troaje (it tsjintwurdige Hisarlık) lei tige strategysk by de mûning fan de Dardanellen dat in krúspunt fan wetter- en lânwegen is. Troch it wetter wie it ferbûn mei de Egeyske See, de Middellânske See, de See fan Marmara en de Swarte See. En oer it lân mei Jeropa.

Opgravingen[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1870 slagge Heinrich Schliemann deryn mei de Ilias yn de hân in heuvel te finen op de noardwest kust fan Lyts Aazje, by Çanakkale dy't neffens him ruïnes fan de âlde stêd befetsje moasten. Hy begûn mei opgravings yn in tiid dat de argeology noch yn 'e berneskuon stie. Neffens tsjintwurdige ynsjochten gong er frijwat rûch te wurk, mar hy slagge der wol yn de lokaasje fan Troaje te finen, mei goudskat en al. Fan dizze goudskat, dy't tsjintwurdich yn it Poesjkinmuseum fan Moskou tentoansteld wurdt, stiet fêst dat dy folle âlder is as it Troaje út de Ilias en Odysee.

Dwerstrochsneed fan Troaje

Hoewol't it net te wjerlizzen wie dat de stêd echt bestien hie, rôp de opgraving wol grutte fragen op. Der waard nammentlik net ien stêd fûn, mar in hiel stel boppe-op inoar, yn totaal njoggen stiks. De âldste dêrfan stammet út it 3e millenium f.Kr., de jongste út de Romeinske tiid. De stêd is ferskate kearen ferwoaste west, mar waard hieltiten opnij op de púnheapen fan de foarige opboud.

Tsjintwurdich binne de measte wittenskippers it deroer iens dat Troaje VIIa it Troaje fan de Ilias foarstelt en dat de Trojaanske kriich dêr't de Ilias in poëtyske wjerspegeling fan jout ûnderdiel west hawwe moat fan in brânkatastrofe dy't it hiele eastlike bekken fan de Middellânske See yn de 12e ieu f.Kr. oerspielde.

Ek yn lettere jierren waarden opgravings dien, yn de jierren 30 ûnder lieding fan Carl Blegen en tusken 1977 en 2004 troch Manfred Korfmann.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]