Tristan da Cunha

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Tristão da Cunha Bazel 1575, gravuere
De Yndyske oaljefant Hanno'

Tristão da Cunha betiden ek stavere as Tristão d'Acunha of Tristan da Cunha (sirka 1460 — sa. 1540), wie in Portugeesk admiraal en ûntdekkingsreizger.

Yn 1506 hie Tristão da Cunha de lieding oer in ekspedysje dy't as doel hie de Portugeeske oerhearsking yn Aazje en Afrika te fersterkjen. Silend nei Kaap de Goeie Hope, wie er, nei Brazylje oandien te hawwen, fierstente fier nei it suden trochsetten. Earst nei't de bemanningen mei beferzen teannen kamen te sitten ferlei er koers nei it noardeasten. Sa kaam it dat er tafallich in eilannegroep yn it suden fan de Atlantyske Oseaan ûntduts; de grutste neamde er nei himsels: Tristan da Cunha (1506), 2816 km. fan Súd-Afrika ôf. Hy lâne dêr net om't de see te ûnrêstich wie.

Nei dizze ûntdekking farde Cunha nei Madagaskar, brocht in besite oan Mozambyk, Brava (dêr't er de Arabieren in gefoelige klap tabrocht). Dêrnei waard Sokotra ferovere. Fan dêrút gie it op Yndia oan, dêr't Cunha in tal militêre aksjes útfierde.

Yn 1514 wie Tristão da Cunha lieder fan in misje nei paus Leo X, dy't geunstich stimd wurde moast fanwege oanspraken dy't Portegal makke op de Molukken. De paus krige eksoatyske bisten út Yndia fan him as presint, ûnder oaren in oaljefant mei de namme Hanno.

Letter hat er lid fan de Geheime Rie yn Portegal west.

Syn soan Nuno da Cunha waard de 9e Gûverneur fan (Portegeesk) Yndia yn 1538 en ferovere ek Basra yn 1529.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]