Trekker Trek
Ut Wikipedy
|
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |
Trekker Trek is in motorsport, wêrby't men mei in trekker in swiere slide oer in sa grut mooglike ôfstân slepe moet. Trekker Trek (ek: Tractor Pulling) is oerwaaid út Noard-Amearika wêr't it yn de 20e ieu ûntstien is en yn de santiger jierren ta in sport útgroeid is. Yn 1977 waard de sport troch inkele Amerikanen foar it earst by in ploechfestyn yn Flevolân yntrodusearre yn Europa. De Nederlânske truck- en tractorpullingorganisaasje (NTTO) organisearret de wedstriden yn Nederlân. Ien fan de bekendste 'outdoor' tractor pulling eveneminten yn Nederlân, neamd Beverol - Beach Pull bart oan de Rânemar op it Strân Nulde yn Putten.