Transendintalisme

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Ralph Waldo Emerson
Henry David Thoreau

It transendintalisme is in filosofyske en literêre beweging dy't yn de jierren 1830 en 1840 yn de regio Nij Ingelân fan de Feriene Steaten ta stân kaam en nije ideeën ferkundige op it mêd fan literatuer, religy, kultuer en filosofy.

De beweging ûntstie as reaksje op de algemiene steat fan de kultuer en de maatskippij, en benammen, it yntellektualisme fan Harvard en de doktrine fan de unitaristyske tsjerke sa't dy oan it seminary fan Harvard ferkundige waard. Ynspirearre en oantrune troch de Ingelske en Dútske romantyk, de bibelkrityk fan Herder en Schleiermacher, en it skeptisisme fan Hume, hannelen de transendintalisten út it tinken wei dat der in nij tiidrek oanbrutsen wie. Sy hienen krityk op de konformiteit sûnder neitinken fan harren maatskippij, en stienen derop oan dat eltsenien sykje soe nei wat Emerson "in oarspronkelike relaasje mei it universum" noemde. Sintraal yn it transendintalisme is it leauwe yn de ynherinte goedens fan minske en natuer. Transendintalisten leauden dat de maatskippij en har ynstellingen, benammen organisearre religy en politike partijen, de ûnskuld fan it yndividu korrumpearren. De transendintalisten leauden dat it bêste yn de minske boppe kaam at er selstannich libbe en sels yn alles foarsjen koe. In wiere mienskip kin allinne út sokke yndividuen bestean.

Wichtige figueren yn it transendintalisme wienen Ralph Waldo Emerson, dy't mei syn essay Nature de beweging min of mear op'e gong brocht, en Henry David Thoreau, waans boek Walden in soad ynfloed hie. Oare pommeranten wienen John Muir, Margaret Fuller, Amos Bronson Alcott, Louisa May Alcott, Charles Timothy Brooks, Orestes Brownson, William Ellery Channing, William Henry Channing, James Freeman Clarke, Christopher Pearse Cranch, Walt Whitman, John Sullivan Dwight, Convers Francis, William Henry Furness, Frederic Henry Hedge, Sylvester Judd, Theodore Parker, Elizabeth Palmer Peabody, George Ripley, Thomas Treadwell Stone, Jones Very en A.E. Waite.[1]

Oare betsjuttingen fan transendintalisme[bewurkje seksje | edit source]

Transendintaal idealisme[bewurkje seksje | edit source]

De term transendintalisme wurdt somtiids brûkt foar "transendintaal idealisme" yn it koart, dat de filosofy fan Immanuel Kant en letter fan de Kantiaanske en Dútske Idealistyske filosofen is.

Transendintale teology[bewurkje seksje | edit source]

In oare alternative betsjutting fan transendintalisme komt fan de klassike filosofy dy't seit dat God de manifeste wrâld te boppe gied (transendint is). John Scotus Erigena ferdútste it de Frankyske kening Karel de Keale yn 840 AD sa: "Wy witte net wat God is. God sels wit net wa't Hy is omdat Hy gjin stal hat. Letterlik is God net, omdat Hy wêzen te boppe giet."

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Gura, Philip F. American Transcendentalism: A History. New York: Hill and Wang, 2007: 7–8. ISBN 0-8090-3477-8