Towy

Ut Wikipedy
De rin fan de Towy
Brêge oer de Towy by Nantgaredig

Towy, of Tywi, (Welsk: Afon Tywi) is de langste rivier dy't inkeld en allinne yn Wales streamt.

De rivier ûntspringt yn it Kambrysk Berchtme en streamt troch it Tywi Forest en foarmet dêr de grins tusken Ceredigion en Powys. De rivier rint fierder nei it súdwesten troch de stêden Llandovery en Llandeilo yn Carmarthenshire. Yn Carmarthen komt de rivier mei de Afon Gwili byinoar yn Abergwili. Uteinlik komt de Tywi út yn de baai fan Carmarthen, yn in estuarium mei de Tâf en de Gwendraeth, eastlik fan Pendine Sands. De mûning fan it estuarium fan de Towy wurdt behearske troch Llansteffan Castle, in 12e iuwsk kastiel yn Normandyske styl.

De 80 km lange middelrin tusken Llandeilo en Carmarthen is in Special Area of Conservation. De Tywi is as habitat foar Fiskotter, Jeropeeske marfal, Beekprikken, Finten, Elften en Atlantyske salmen fan Jeropeesk belang.