Toskeboarstel

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
hântoskeboarstels
elektryske toskeboarstel

In toskeboartel is in lytse boarstel om tegearre mei toskpûtsersguod de tosken skjin te meitsjen. Der binne twa typen toskeboarstels, te witten: hântoskeboarstels en elektryske toskeboarstels.

  • In hântoskeboarstel bestiet út in stâle mei oan de útein in boarstelkop.
  • In elektryske toskeboarstel hat in motorke yn it hânfêt, dêr't de boarstel yn trilling of rotaasje mei brocht wurdt.

Ut wittenskiplik ûndersyk docht bliken dat elektryske toskeboarstels mear plaque ferwiderje as gewoane hântoskeboarstels. It jout in skjinner gebit en in fermindere kâns op kariës.

De earste toskeboarstels waarden rûn 1750 fan bistehierren makke. Tsjintwurdich wurdt foar de boarstel keunststof lykas nylon brûkt.