Toon Gerbrands

Ut Wikipedy
Toon Gerbrands
sporter
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 1957
berteplak Snits
sportive ynformaasje
sport Follybal

Toon Gerbrands (Snits, 1957) is in eardere Frysk follyballer. Dêrnei waard hy sportbestjoerder.

Gerbrands wie jierrenlang aktyf as follyballer, dêr't er acht jier fan spile hat yn de Earedifyzje en de Earste Difyzje. Dêrnei waard Gerbrands follybaltrainer. Under syn lieding helle er mei ferskate follybalploegen fjouwer lânstitels. Gerbrands wie ek bûnstrainer fan de Nederlânske ploech dy't yn 1997 de Europeeske titel helle. Ek wie er trainer fan de ploech dy't mei die oan de Simmerspullen yn 2000 yn Sydney, de ploech waard doe fiifde fan de tolve dielnimmende lannen.

Hy wie neist sporttrainer ek manager en direkteur fan de DSB reedridersploech.

AZ[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2002 waard Gerbrands algemien direkteur fan de fuotbalklup fuotbalklup AZ. Op 14 april 2014 makke hy bekend om op 1 septimber fan dat jier syn funksje del te lizzen. Yn syn perioade ferfarde AZ nei Kooimeerplaza en helle de klup de lânstitel fan 2009, de KNVB beker fan 2013 en de Johan Cruijff Skaal fan 2009. Dêrneist spile de klup njoggen kear Europeesk fuotbal. Ek makke Gerbrands de fal mei fan eigener Dirk Scheringa.

PSV[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 28 april 2014, twa wiken neidat Gerbrands bekend makke hie syn funksje by AZ del te lizzen, makke PSV bekend dat hy op 1 july 2014 Tiny Sanders opfolge as algemien direkteur.[1] Hy tekene hjir in kontrakt foar fjouwer jier. Under Gerbrands waard PSV lânskampioen yn de seizoenen 2014-2015 en 2015-2016. Yn 2016 pleatste de klup him boppedat foar it earst sûnt 2006-2007 foar de achtste finales fan de Champions League. Gerbrands ferlinge yn maaie 2016 syn kontrakt by PSV oant mids 2022.[2]

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Gerbrands definitief naar PSV, ED.nl, 28 april 2014
  2. Nieuw contract voor Toon Gerbrands(ned) PSV, 27 maaie 2016