Tommy Cooper

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Stânbyld fan Tommy Cooper yn Caerphilly

Thomas Frederick (Tommy) Cooper (Caerphilly (Wales), 19 maart 1921Londen, 15 april 1984) wie in Britsk komyk en yllusjonist. Hy krige al betiid yn syn karriêre yn de gaten dat er by it mislearjen fan syn trúks minstens likefolle súkses by it publyk hie as by it wol slachjen dêrfan.

Styl[bewurkje seksje | edit source]

As ien fan de bekendste Britske komiken ea, makke Cooper der in keunst fan om syn gûcheltrúks op ûneifolchbere wize mislearje te litten. Hoewol't er der skynber neat fan koe wie er yn't echt in betûft yllusjonist. De mislearrings wiene in fêst ûnderdiel fan syn grappen.

In hannelsmerk fan Cooper wie in fjoerreade fez dy't er by elts optreden op hie. Fierders brûkte er in protte útdrukkings dy't dreech oer te setten binne (Ingelsk: catchphrases): "Just like that! Not that -- that!", "Whisky, sample, sample, whisky, sample...".

Hy makke yn heech tempo grappen dy't út soarte hiel flau wiene, mar troch Coopers presintaasje dochs wer wol tige grappich. Wichtich part fan de shows wie dat er sels it hurdst om syn grapmakkerij lake.

Foarbylden[bewurkje seksje | edit source]

  • Ik frege in kear oan'e dokter: "Ik haw de lêste tiid pine op ferskate plakken, wat moat ik dêr oan dwaan?" Dokter: "Net nei dy plakken tagean".
  • Ik wie lêstens wer by de dokter. Ik til myn earm op en ik sis: "Dokter, ik haw in ferskuorrende pine at ik dit doch." Dêrop seit hy: "No, doch dat dan net."
  • Ik gong in kear nei de dokter. Hy seit: "Geane jo mar efkes op de bank lizzen". Ik freegje: "Wêrom?" Hy seit: "Ik moat de flier noch oanfeie"".
  • Myn frou frege okkerdeis: "Fynsto it goed at ik myn hier yn in puntsje draach? Want foar in hiele bôle haw ik net genôch".
  • Myn hûn naam ferline wike in hap út myn knibbel. De dokter frege: "Hast der wat opdien?" Ik sei: "Nee, hy fûn it sa lekker genôch."

Tommy Cooper yn Nederlân[bewurkje seksje | edit source]

Tommy Cooper hat ek in kear op de Nederlânske televyzje west: op 16 july 1982 spile er mei yn de Lotto Show fan Willem Ruis. Syn lêste fideo, dêr't er in hertoanfal yn krige, waard yn Nederlân útstjoerd yn 1985, en waard yn 2009 werhelle yn it programma "De wereld draait door".

Priveelibben[bewurkje seksje | edit source]

It priveelibben fan Tommy Cooper ferrûn hast krektlike gaoatysk as syn optredens. Nei syn houlik mei Gwendolyn Henty, dêr't twa bern út foartkaam binne, hie er in lange ferhâlding mei Mary Fieldhouse. Tegearre lutsen sy it lân troch, 52 wiken yn't jier optredend, want Cooper wie in workaholic. Boppedat wie Cooper in swiere drinker. Mary seach syn drankprobleem wol, mar koe him net helpe.

Coooper is op de planken stoarn, foar in grut publyk, oan in hertoanfal. Doe't er ynelkoar sakke tocht men earst dat it by de show hearde.

Earebetoan[bewurkje seksje | edit source]

Mei Eric Morecambe, Peter Cook en Les Dawson ferskynde er op in yn 1998 útjûne postsegel-searje wijd oan legindaryske komiken.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]