Tom Stoppard

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Tom Stoppard op de premiêre fan "The Coast of Utopia" yn Ruslân

Tom Stoppard (Zlin, 3 july 1937) is in Tsjechoslowaaksk toanielskriuwer, hy waard op 3 july 1937 berne as Tomas Straussler. Syn famylje flechtte nei Yndia neidat Singapore oanfallen waard troch it Japanske leger, mar syn heit oerlibbe de flecht net. Syn mem wertroude letter de Britske majoar Kenneth Stoppard, wêr't Tom de namme fan oannaam hat.

Stoppard's meast bekende wurk oan't no ta is Rosencrantz and Guildenstern are Dead, in komeedzje wêryn hy twa lytse karakters út Hamlet fan William Shakespeare nimt, en se yn 'e haadrol pleatst. Yn de wrâld hâlde se lykwols deselfde lytse rol as yn it orizjinele stik. Omkeard krijt Hamlet yn dit stik in lytse rol tawiisd. Yn 'e kantline fan it bekende ferhaal ferdogge de twa harren tiid mei lytse wurdspultsjes en it hoe-en-wat fan harren sitewaasje. It stik docht sterk tinken oan it absurdistyske En attendant Godot fan Samuel Beckett.

Oare bekende stikken fan Stoppard binne Travesties, in parody op The Importance of Being Earnest fan Oscar Wilde, en The Real Thing. Stoppard waard foar alle fan dizze trije stikken in Tony Award takend.

Yn 1998 skreau Tom Stoppard tegearre mei Marc Norman it skript foar de film Shakespeare in love, dêr't se yn 1999 in Academy Award foar krigen. In troch Jan Schotanus makke Fryske toaniel-bewurking fan dizze film waard yn 2003 ûnder de titel Ik wol spylje opfierd yn Jorwert.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]