Tom Manders

Ut Wikipedy
Tom Manders
akteur
Tom Manders by opnames fan Bij Dorus Op Schoot yn 1968
Tom Manders by opnames fan Bij Dorus Op Schoot yn 1968
persoanlike bysûnderheden
echte namme Antoon Manders
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 23 oktober 1921
stoarn 26 febrewaris 1972 (50 jier)
jierren aktyf 1953–1971
Tom Manders as Dorus

Antoon (Tom) Manders (De Haach, 23 oktober 1921 - Utert, 26 febrewaris 1972) wie in Nederlânsk tekener, komyk en kabaretier. Yn de lêste rol waard er benammen bekend as Dorus.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Boargerlike Stân seit dat syn bertedatum 24 oktober is, mar it is 23 oktober. Syn heit liet him in dei letter ynskriuwe, omdat er foar in sneinsbern gjin frije dei krige.

Al jong die bliken dar er talint foar tekenjen hie. Hy folge de ULO, en dêrnei in trijejierrige jûnskursus Keninklike Akademy fan Byldzjende Keunsten yn Den Haach. Manders wie û.o. reklameskilder en ûntwerper fan affysjes. Letter makke er ek dekôrs foar toaniel- en kabaretfoarstellingen. Ta syn fêste opdrachtjouwers hearden Teater Carré, Lou Bandy, Heintje Davids en Wim Kan. Yn de Twadde Wrâldkriich waard Manders yn Dútslân oan 't wurk set as skilder, mar nei in heal jier flechte er. Troch Kan kaam Manders op it idee om sels kabaret te dwaan, krekt as syn âldere broer Kees.

Fan 1953 ôf wie Manders belutsen by de ynrjochting en programmearing fan Carel Kamlag syn revuekafee Saint-Germain-des-Prés oan it Rembrandtplein yn Amsterdam. Manders trede dêr sels op as it typke dat útwaakse soe ta de swalker Dorus. Doe't er troch de VARA útnûge waard om wat foar telefyzje te dwaan, liet er it kafee neibouwe yn de studio en begûn in tige slagge telefyzjeprogramma dat inkelde jierren te sjen wêze soe.

Tusken 1956 en 1962 wurke Manders yn 'e mande mei organist Cor Steyn ("meneer Cor Steyn") foar it programma De Showboat. Tegearre wienen sy ferantwurdlik foar nûmers as Twee motten, M'n volkstuintje, De crocus en de hyacint, Als ik wist dat je zou komen, Bij de marine en Figaro.

It pân oan de Mauritsstraat 65 yn Rotterdam, dêr't oant yn 1960 de Chemicaliënhandel v/h E. Schuddebeurs NV festige wie, waard yn 1967 it Cabaret Dorus fan makke, dat yn 1970 al wer slute moast. No is der op dat plak in wenkompleks dat sûnt 1 novimber 1985 Tom Mandershof hjit.

Manders rekke yn finansjele problemen doe't er besocht om Dorus-films te produsearjen. Yn 1967 wûn er in Sulveren Roas, en begûn er in nij programma, Bij Dorus op schoot. Legindarysk is de sêne fan 18 novimber wurden, mei it trijejierrige famke Corrina Konijnenburg op de skoat, dat sûnder ophâlden Poessie Mauw sjongen bleau. Doe't yn 1970 de Rotterdamske klub de doarren slette, kaam ek in ein oan it programma. Yn 1971 kaam Dorus noch ien kear werom op telefyzje yn in programma mei in ferburgen kamera, dêr't er minsken kjel yn makke as waaksen byld yn Madame Tussauds. Itselde jier hie er noch in hit mei In de hemel is geen bier.

Begjin febrewaris 1972 krige Manders in auto-ûngemak. Yn it sikehûs kaam doe út dat er kanker hie; trije wike letter stoar Manders oan in hertoanfal.

Musical[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2009/2010 produsearre Albert Verlinde in musical oer it libben fan Tom Manders, Dorus, the musical. Karel de Rooij en Peter de Jong, better bekend as Mini & Maxi, spilen de haadrollen. Dde show waard skreaun troch Lars Boom en Dick van den Heuvel en regissearre troch Peter de Baan.

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnder singles.

Albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 40 Minuten Tom Manders als Dorus; Decca - LQ 60402 - 1957 - mini-LP
  • Dorus alias Tom Manders zingt acht van zijn beste liedjes; Decca - LQ 60404 - 1958 - mini-LP
  • Een uur met Dorus; Philips - P 12958 L - 1965 - LP
  • De beste van Dorus; Decca - 625 375 QL - 1966 - LP
  • Bij Dorus op schoot; Philips - QY 826 479 - 1968 - LP
  • Bij Dorus op visite - Veertien oude en nieuwe successen van een muzikale zwerver; Philips - XPY 855 085 - 1968 - LP
  • Hoogtepunten uit Tom Manders' Dorus-show; Westside - EM 241024 - 1970 - LP
  • Geef me de ruimte! - Een elpee vol met nieuwe liedjes van Dorus; Esso - 30 649 Y - 1970 - LP
  • Er zit een vogelnestje in m'n kop - 12 Nieuwe liedjes van Dorus; Erdal - 6802 755 - 1971 - LP
  • De grote successen van Dorus; Spectrum - 6416 013 - 1972 - LP
  • Dorus; Varagram - 0014 - 1972 - LP
  • De beste van Dorus; Philips - 6440 108 - 1973 - LP
  • 16 Dorus hits (16 hits van Dorus); Philips - 6343 240 - 1974 - LP
  • Tom Manders als Dorus - Rood met een goud randje 2; Varagram - ET 43 - 1975 - LP
  • Een dozijn successen van Dorus (bij Dorus op schoot); Philips - 6440 953 - 1976 - LP
  • De 30 grootste successen van Dorus; Philips - 6678 301 - 1977 - 2LP
  • De onvergetelijke Dorus; WEA - WEAN 58 054 - 1977 - LP
  • De beste plaat van Dorus; Philips - 9279 353 - 1979 - LP
  • 12 successen van Dorus; Philips - 6440 814 - 1980 - LP
  • Speel de clown; Philips - 6375 351 - 1981 - 2LP
  • Liedjes van een vriend; K-tel - KTCD 231-2 - 1986 - CD
  • 16 Dorus successen; Philips - 834 386 2 - 1988 - CD
  • Twee motten - 48 all time favourites; Hunter Music - HM 1297 2 - 2001 - 2CD
  • De keuze van Annie de Reuver; Weton Wesgram - NN 016 - 2009 - CD
  • Mooi was die tijd; Disky - HSI 905957 - 2009 - CD

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Hoe maken wij ons eigen décor? - Handleiding voor het amateurtoneel om zelf décors te maken met tal van afbeeldingen; Jongeneel - E 2529 - 1948
  • Dorus - Kolderpraatjes door Tom Manders; Jongeneel - 1847 - 1957
  • Top-songs van Dorus (Tom Manders) - De ster van radio en televisie; Botschuijver - 1957
  • Plakboek van Dorus; De Arbeiderspers - 1958

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]