Tobolsk

Ut Wikipedy
Tobolsk
Тобольск
It kremlin fan Tobolsk
It kremlin fan Tobolsk
Polityk
Lân Ruslân
Oblast Tjûmen
stedsdistrikt Tobolsk
Sifers
Ynwennertal 98.772 (2021)
Oerflak 222 km²
Befolkingsticht. 444,92 ynw./km²
Hichte 90 m
Oar
Stifting 1587
Tiidsône (UTC+6)
Koördinaten 58° 11' N 68° 15' E
Offisjele webside
www.admtobolsk.ru

Tobolsk (Russysk: Тобольск) is in stêd yn Ruslân, yn de oblast Tjûmen yn West-Sibearje. De stêd leit op it plak dêr't de Tobol yn de Irtysj útmûnet en hat goed 90.000 ynwenners. Tobolsk bestiet út in boppestêd om it kremlyn hinne en in ûnderstêd om it Sûamenskikleaster, it âldste fan Siberië, hinne.

It gûverneurshûs yn Tobolsk

It plak waard as ien fan de earste stêden yn Siberië yn 1586/87 troch de kozakken fan Jermak Timofejevitsj stichte op it plak fan it âlde Ritsik Toera. It wie yn de 17e en 18e iuw in stêd fan belang en fan 1708 oant 1824 gûvernemintshaadstêd fan it gûvernemint Tobolsk. De stêd waard minder wichtich yn it foardiel fan Omsk, doe't ein 19e iuw sa'n twahûndert kilometer súdliker it trans-Siberysk spoar oanlein waard, oer de haadstêd fan no fan de oblast, Tjûmen. Tobolsk wie ûnder de tsaren in wreedferneamd ferbanningsoarde.

April 1917, nei de Febrewarisrevolúsje, waarden tsaar Nikolaas II en syn famylje dêr hinne brocht; sy wennen doe yn it eardere hûs fan de gûverneur ek ûnder de Oktoberrevolúsje, mar doe't hja yn april 1918 werom woenen nei Moskou waarden se oanholden yn Jekaterineburch en dêr troch de bolsjewiken berjochte en deadien.

It kremlyn fan Tobolsk is het iennige kremlyn yn Sibearje. De Sofiakatedraal waard, nei't er fertutearzge wie yn de Sovjet-perioade, folslein fernijd.

De wichtichste yndustry is no de oaljeraffinaderij, mar tradisjonele ambachten lykas hout- en bonkefykjen wurde ek noch beoefene.

Berne yn Tobolsk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]