Tjerk Bottema

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Tjerk Bottema (Boppe-Knipe, 4 maart 1882 - op see tusken Bordeaux-Ingelân, 21 juny 1940) wie in skilder en grafikus.

Hy wie de twa jier âldere broer fan de skilder Tjeerd Bottema en soe eins it ûnderwiis yn gean, mar folge in oplieding oan de Skoalle foar Keunstnijverheid. Dêrnei gie er nei de Ryksakademy foar Byldzjende Keunsten yn Amsterdam en noch letter nei de Ryksakademy foar Skoandere Keunsten yn Antwerpen. Hy hat yn Dútslân wurke as dekoratyf figuerskilder en litograaf fan affiches (Berlyn). Hy wie ek etser.

Yn Schoorl (NH) skildere er lânskippen en portretten. Bekend is hy ek as polityk tekener troch syn agressive tekeningen yn tige persoanlike styl yn 'De Notenkraker'.

Letter gie hy nei Parys en liet in hûs sette yn it foarstêdsje Cachan. Hy tekene en skildere dêr stedsgesichten en lânskippen. Hy eksposearre yn Parys reissketsen en skilderijen út Grikelân, Spanje, Noarwegen en Laplân. Represintative wurken fan syn hân binne om 1959 hinne oan it Frysk Museum skonken. Tjerk stoar op 21 juny 1940, doe't syn skip SS Berenice op syn flecht ûnderweis fan Bordeaux nei Ingelân yn It Kanaal torpedearre waard.

Op It Hearrenfean is yn 1962 de Bottemastrjitte nei him neamd.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: