Tjeerd Bottema

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Boarstbyld Tseard Bottema, Voorstraat Katwijk
Tekst ûnder it byld

Tjeerd Bottema ( Langsweagen, 6 febrewaris 1884 - Katwijk, 9 maart 1978 ) wie in Fryske skilder en grafikus. It Frysk Grafysk Museum op De Jouwer hat in soad ynformaasje en wurk fan him.

De heit fan Tsjeard, Jehannes Bottema wie boer en hie fjouwer soannen. Tsjeard wie de jongste. Hy ferhûze as jonkje, mei fee en al, rinnedewei fan De Wyngaarden ûnder Langsweagen nei De Tynje. Dêr gie er mei syn âldere broer Tsjerk nei skoalle. De wat syklike mar bejeftige master Bosma makke tige yndruk op Tsjeard, ek as foarbyld. Lykas Tsjerk helle Tseard de ûnderwiisakte op de kweekskoalle fan Maastricht. De skoalle fan De Tynje, dêr't er as volontêr wolris ynfallen wie, hat him noch in baan oanbean. Mar de broers woenen beide wat oars: de byldende keunst yn. Tsjeard begûn, lykas earder Tsjerk, nei de 'kwik' as plateelskilder by 'De Distel' yn Amsterdam. Rillegau illústrearje er berneboeken en tekene er reklamewurk. Hy makke doe al it fier en hein thús te bringen embleem fan de RVS (Rotterdamsche VerzekeringsSociëteit), dat mear as hûndert jier tsjinst dien hat as úthingboerd. Yn 1976 skreau er dêr sels oer: Nog op heden is die prent het blazoen van de maatschappij en als ruim negentigjarige geeft me dat nog altijd voldoening. Het bleek een groot succes, dat beeld van een man met en hondje, samen onder een paraplu. De ferneamde polityk tekener Albert Hahn seach ek fuort wat yn dizze jongfeint fan krekt tweintich en gunde him wurk dat er sels net mear neikomme koe.

Ûnderwilens slagge Tsjeard yn 1904 foar de M.Û.-akte Tekenjen en doe koe er (nei't er earst noch gau it etsen oanleard hie) nei de Ryksakademy foar Byldende Keunsten yn Amsterdam. Want skilderje mei oaljeferve, dat wie wat er woe en blykber ek koe. Yn 1907 helle Tsjeard Bottema de gouden medalje fan de Prix de Rome. Doe koe er fjouwer jier lang twatûzen goune(!) it jier barre. Fan Rome (dêr't er de byldhouwer Pier Pander fan de Knipe moete), reizge er ôf nei Marokko, Spanje en Frankryk. Doe woe er noch graach nei Ingelân ta, benammen om it wurk fan William Turner, en dat krige er ek klear. Werom yn Nederlân trouwde Tsjeard op 28 desimber 1811 yn Laren (N.H.) mei Cornelia van Amstel,dy't fan de stêd Utert kaam. It pearke hie inoarren kinnen leard op de Ryksakademy. Sy krigen twa dochters, ien yn 1913 en ien yn 1918. Yntiids hie Tsjeard him al mar mear talein op it etsen. Hy skreau út en troch ek in berneboek dêr't er sels de printsjes by makke.

Tjeerd en syn broer foarmen tegearre in keunstsinnich laach. Tsjerk Bottema wie ek skilder en grafikus. En letter soenen de beide dochters fan Tsjeard, Hil (Hillegonda) en Johanna Bottema allyksa keunstners wurde.



Nei de basisoplieding tekenjen by Rosenbeek op It Hearrenfean folge er jûnslessen oan de ambachtsskoalle. Dêrnei gie Bottema nei de Ryksakademy yn Amsterdam. Hy wie ûnder oaren learling fan August Allebé, Antoon Derkinderen, George Sturm en Nicolaas van der Waay. Yn 1904 helle hy de akte tekenjen en wûn yn 1907 de Prix de Rome. Hy wurke yn Laren, oan de Houtwei 472.

Tseard Bottema wurke yn Frankryk, Itaalje, Spanje, Marokko en Ingelân. Hy brûkte hast alle techniken fan de frije skilderkeunst en de grafyk. Hjirfoar makke hy ek wurk yn opdracht. Syn ferneamdste wurk is it byldmerk fan de RVS, de man mei de wannelstôk, de frou mei de paraplu en harren hûntsje, út 1905.

As illustrator makke er de tekeningen foar de boeken fan de protestants-kristelike skriuwers Anne de Vries en W.G. van de Hulst, mar hy makke ek tekeningen foar it sosjalistyske tydskrift De Ware Jacob. In troch him makke tekening fan in swalker ynspirearre de skriuwer John H. uit den Bogaard ta it skeppen fan de TV-figuer Swiebertje.[1]Mei broer Tsjerk makke er ek printen foar tydskrift It Heitelân.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Bibliografy:

  • Bruyel-van der Palm, Frédérique Tjerk en Tjeerd Bottema (1990) útjouwerij De Drijvende Dobber, Gersleat, ISBN 90-70330-10-5
  • Bottema, Tjeerd Mijn leven (1976) útjouwer. Lykele Jansma, Buitenpost , ISBN 90-6272-001-3
  1. NCRV