Tinnitis

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Tinnitis is it konstant sûzjen mei lege en hege lûden yn de earen. De namme komt fan it Latynske Tinnitus Aurium, dat 'gerinkel yn de earen' betsjut. In yn de útgeanswrâld brûkte term is piipstress. Tinnitus komt soms foar yn kombinaasje mei hyperacusis.

It hat to krijen mei de gehoarsenuw dy't sels in sinjaal ôfjout oan de harsens. Inkeld bekomt it fansels wer mar meastentiids moatte jo dêr mei besykje troch de tiid te kommen. Yn Amearika is der lykwols via ynternet bepaalde medikaasje foar te besetten. Yn Nederlân kin der operatyf inkele triedden yn de holle ynbrocht wurde om in tsjinsinjaal ôf te jaan, wêrtroch't de rêst werom komme kin.