Tinga (Snits)

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Tinga")
Gean nei: navigaasje, sykje
Tinga

Tinga is in eardere delsetting yn de himrik fan Snits. Hy is no in wyk fan de stêd Snits. De namme komt ek foar as Inghae, Snekera Jngae, Itingae en int Niegae en hat de betsjutting fan 'yn de klokslach fan Snits'. De wenwyk telt (yn 2008) 2270 ynwenners en hat een oerflakte fan 116 hektare (dêrfan is 2 hektare wetter).

Ynhâld

[bewurkje seksje] Lizzing en berikberheid

Westside fan de Molekrite (2011)

De wyk grinzet yn it noarden oan de wyk Lemmerwei-West, yn it easten oan Dúnterpen en yn it westen oan de Geau.

De grutste ferkearsier fan de wyk is de Molenkrite. De Rykswei 7 foarmet de noardlike grins, de Lemmerwei de eastlike. Yn de wyk rinne gjin wetterwegen.

[bewurkje seksje] Histoarje en bebouwing

De wyk Tinga is yn de jierren 60 oanlein troch de gemeente Snits, dy't dêrfoar meardere sates oankeapje moast. Dy pleatsen binne, op ien nei, allegear ferdwûn. De wyk krige syn namme troch de Tingapolder, dêr't de wyk yn lei.

Yn de wyk leit Sportpark Tinga en Sportpark Fuotbalferiening Snits Wyt Swart. De strjitten binne neamd nei ûnderdielen fan mûnen, sa't te begripen falt yn in polderwyk. De wykferiening hjit De Spil en sit yn it lyksa neamde wyksintrum De Spil.

[bewurkje seksje] It besjen wurdich

[bewurkje seksje] Foarsjennings

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Karel F. Gildemacher, "Friese Plaatsnamen", Ljouwert, Friese Pers Boekerij 2007, Tinga
  • Gemeentebestjoer Snits (1978) Geschiedenis in straatnamen.

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen