Tine van de Ven

Ut Wikipedy
Marleen

Tine van de Ven (Tilburch, 1960) is in byldzjend keunstner út Tilburch. Se studearre yn 1982 ôf oan it Mollerynstitút yn Tilburch as dosinte tekenjen en hânarbeid. Sûnttiids wurket se as tekenleraresse en audiofisuele foarmjouwing oan it fuortset ûnderwiis.

Ynspiraasje is foar har om de útdrukking, hâlding en blik en oanwêzigens fan minsken fêst te lizzen. Harren hâlding, útdrukking, beweging en tsjinbeweging is alle kearen oars. Foarbyld foar har binne skilders út de 20e iuw as Kirchner, Schiele, Matisse, Picasso en Nolde.

Har tekeningen binne figuratyf wêrby't line, flak en kleur de wichtichste byldeleminten binne neist foarm en ekspresje.

Akwarel- en akrylferve helpe om los te kommen fan de werkenbere foarm. It suggestive krijt de oerhân, mar troch linefoarming krijt de kleurflek opnij in werkenbere foarm.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: