Timoer Lenk

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Timoer Lenk (Kesj, 9 april 1336[1][2]Otrar, 19 jannewaris 1405[3]) (ek bekend as Timoer de Grutte, Timoer de Manke, of yn Europa as Tamerlane en Tamburlaine (ferbasteringen fan it Perzyske Temur-i-lang en Temür yn Turkske talen) wie in fjirtjinde-ieuske Turksk-Mongoalse[4] kriiichshear en stifter fan it Timoeridyske ryk en de dynasty fan de Timoeriden.

Timoer Lenk waard berne yn Kesj, dat tsjintwurdich bekend stiet as Sachrisabz (omjouwing fan Samarkand, Oezbekistan). Timoer wie hast syn heule libben op oarlochspaad en bleau komselden langer as in pear jier op itselde plak. Hy wist in nij ryk te stiftsjen op de fûneminten fan it yn elkoar stoarte Mongoalse Ryk. Hoewol't hy in militêr sjeny wie — hy ferlear gjin fjildslach neidat hy folslein oan de macht kaam yn 1370 — wist Timoer gjin effektyf operearjende regearing del te setten, wêrtroch't hy gebieten faak opnij feroverje moast neidat se yn opstân komd wienen. Meastentiids waarden der grouwelige wreedheden begien, lykas it bouwen fan tuorren mei ôfkapte hollen, dêr't heule regio's troch ûntfolke rekken. Timoer waard dêrtroch fan Sina oant West-Europa berucht en freze. Yn syn konstante oarlochsfiering binne nei skatting wol 17 miljoen minsken omkomd.[5]

Timoer stoar yn de winter van 1405 in Otrar, Kazachstan, wylst hy opluts tsjin syn grutste fijân, Ming-Sina. Nei syn dea ferdwûn it ryk fan Timoer al gau fan de kaart en rekken syn dieden foar it meastepart yn it ferjitboek. Syn namme hat yn de skiednis lykwwols in plak krigen neist dy fan syn foarbylden Aleksander III de Grutte en Dzjengis Khan. Pas nei de ûnôfhinklikheid fan Oezbekistan kaam der mear omtinken foar de ferrjochtingen fan Timoer. Men beskôget him dêr as in held, omdat ûnder it bewâld fan Timoer it gebiet fan de Oezbeken bloeide as nea dêrfoar.[6] Mar yn de rest fan de Islamityske wrâld wurdt Timoer benammen as barbaar sjoen.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Marozzi (2005), side 7
  2. Neffens Beatrice Forbes Manz, auteur fan The Rise and Rule of Tamerlane, is dizze bertedatum optocht en wie hy grif minstns fiif jier âlder.
  3. Grousset (1970), side 456
  4. Timoer wurdt ek faak, meastal troch Westerske boarnen, oantsjutten as in Tataar. De Tataren wienen in machtige 'horde', ofwel Mongoalse stamme yn it moardeasten fan Mongoalje sûnt de 5e ieu. In krekte definysje is min te jaan troch de griemmank fan folken dy't yn Aazje ûntstien wie, benammen nei de Mongoalske feroveringen. De Europeanen brûkten de term lykwols foar alle nomaden, en omdat de Mongoalen bekend stienen om harren wreedheden waard Tataar faak as Tartaar stavere, ôflaat fan Tartarus. Hjoed de dei wurde Mongoal en Tataar faak troch elkoar brûkt. (Marozzi (2005), side 8)
  5. Historical Body Count, Twentieth Century Atlas. Rieplachte op 10 septimber 2008.
  6. Marozzi (2005), side 169-170