Tienhoven (Maarssen)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Grifformearde Tsjerke
Oergroeid fort

Tienhoven is in doarpke yn de gemeente Maarssen, yn de provinsje Utert. It doarp hat 440 ynwenners (2004).

In stik lân, grut tsien hoeven (flaktemjitte) waard yn 1243 troch Herman fan Maarssen oan de Piterstsjerke fan de stêd Utert ferkocht. Yn 1957 waard de gemeente Tienhoven opheft en by Maarssen yndield. Ten easten fan it doarp stiet de eardere poldermole De Trouwe Waghter út 1832.

Sport en rekreaasje[bewurkje seksje | edit source]

It doarp leit oan de Europeeske kuierrûte E11, yn it doarp ek wol Marsekreammerpaad neamd. De E11 rint fan De Haach nei it easten, op dit stuit oan de grins fan Poalen mei Litouwen ta. Fierders hat Tienhoven in fuotbalferiening, csv VIOD (Vooruitgang Is Ons Doel).

Ryksmonuminten by Tienhoven[bewurkje seksje | edit source]

  • Mole "De Trouwe Wachter". Wipwettermole, boud ± 1835, restaurearre 1970 ( 52°10'19"NB, 5°5'32"EL )
  • Houten Stuw ier 20e ieusk ( 52°10'19"NB, 5°5'32"EL )
  • Omwâle ierdwurk by it fort Tienhoven ( 52°9'44"N, 5°1'48"EL )
  • Fortwachterswente ( 52°9'41"NB, 5°1'45"EL )
  • Langhûs "Vredegoed" mei skuorre, tagongsstek ( 52°9'30"NB, 5°5'33"EL )
  • Militêr wachtgebou út 1848-1850 (yn it fort) - ( 52°9'43"NB, 5°1'48"EL )
  • Pleats mei teekoepel út 1902 ( 52°9'33"NB, 5°5'28" EL )