Tibesty berchtme

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Tibesty mei de Emy Koussy, sjoen fanút it Ynternasjonaal romtestasjon.

It Tibesty berchtme is in kloft Fulkanen dy't in berchrige foarmje yn de Sahara yn it noarden fan Tsjaad en in stikje yn it suden fan Lybje. De measte fan dizze fulkanen sliepe, der binne noch mar trije aktyf.

It berchtme foarmet in trijehoeke fan sa'n 560 km lang en is it grutste en heechste yn de Sahara. De heechste berch is de Emy Koussy mei 3415 meter. Oare hege piken binne de Kegueur Terby (3376 m), Tarso Taro (3325 m), Toussidé (3265 m) en Soborom (3100 m). De berchrige leit op in plato dat mooglik foarme is troch in mantelplom.

It klimaat yn de Tibesty is fochtiger as de woastyn rûnom. Yn de heechste gebieten wurdt de delslach rûsd op 120 mm it jier.

It Tibestyberchtme wurdt fanâlds bewenne troch de nomadyske Toeboe. Dat folk hannele al yn 500 f.Kr. mei Kartago. De meast wichtigee stêd yn it gebiet is Bardaï, yn it noardwesten fan Tsjaad. Oare stêden binne Zouar en Aouzou.

Tibesty is ek ferneamd om har rotstekeningen út it 5e oant it 3e millennium f.Kr. en de geisers en waarmwetterboarnen yn de omkriten fan Soboroum.

Fulkanen[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]