Thor Heyerdahl

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Thor Heyerdahl

Thor Heyerdahl (Larvik, 6 oktober 1914 - Colla Micheri, 18 april 2002) wie in Noarsk antropolooch. Hy hat in oantal bysûndere ekspedysjereizen dien om dêrmei bewiis leverje te kinnen dat fertsjinwurdigers fan iere kultueren al betiids kontakten mei elkoar hienen, bygelyks de Eskimo's en de Yndianen.

Stúdzjes en ynteresses[bewurkje seksje | edit source]

Heyerdahl studearre fan 1933-1936 zoölogy en geografy oan de universiteit fan Oslo. By in besiking, tegearre mei syn frou Liv, in jier op natuerlike wize te libjen op in ôflizzend eilân Fatu Hiva fan de Marquesaseilannen yn de Stille Oseaan, rekke hy ynteressearre yn de kultuer fan Polyneezje.

Wat him hiel bot yntrigearre wie de oerienkomst tusken de legindaryske Polyneezjer Tiki en in held út de foar -Inkatiid, Kon-Tiki. Dizze lêst wie neffens in âlde sêge om 500 hinne Súd-Amearika ûntflechte omdat er slachtoffer drige te wurden fan in massamoard. De Noar besleat te bewizen dat lânferfarders út Súd-Amearika harren yn dy tiid al yn Polyneezje fêstige hienen.

Yn de Twadde Wrâldkriich tsjinne Heyerdahl by de Noarske paratroepen. Dêrnei begûn er mei de tarieding fan syn earste ekspedysjereis.

Ekspedysjes[bewurkje seksje | edit source]

De Kon-Tiki yn it lyknammige museum yn Oslo

Op 28 april 1947 sette Heyerdahl útein mei fiif oaren foar in seereis fan Perû nei Polyneezje op in float fan balsahout, dat troch him de Kon-Tiki neamd waard. De bou fan it float hie der sels dien en wie makke nei Inka foarbyld. De ekspedysje die 101 dagen oer dizze reis, dêr't se, folslein ôfhinklik fan streaming en wyn, al meanderend 6880 km ôfleinen. Uteinlik arrivearren sy op it atol Raroia, yn de Tuamotueilannenkloft besuden fan de Marquesaseilannen yn Frans-Polyneezje. It boek dat Heyerdahl dêroer skreau waard in bestseller. Jierren letter die lykwols bliken út DNA-ûndersyk dat de foarâlden fan de Polyneezjers onomstotelijk út Aazje kamen. .[1]

De Ra I en Ra II ekspedysje[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1953 folge in ekspedysje nei de Galapagoseilannen en yn 1955-56 nei Peaske-eilân.

Yn de jierren sechtich eksperimintearre Heyerdahl mei de bou fan boaten fan papyrus. Hy makke in eardere Egyptyske papyrusboat nei mei in lingte fan 17 meter en neamde dizze Ra nei de Egyptyske sinnegod Ra neamde. Mei dizze boat woe er de oseaan oerstekken en dêrmei bewizen dat soks yn de Aldheid al mooglik wie.

Yn 1969 mislearre in besiking om mei seis mei-opfarrenden yn de Ra I de oertocht te meitsjen. Hja bleaunen stekken op goed 1000 km fan it eindoel ôf. In oare kear yn 1970 slagge it Heyerdahl wol mei de papyrusboat Ra II de oerside te berikken. Diskear fear er yn 56 dagen fan Marokko nei Barbados en kaam oan op 12 july. De Ra II is te besjen yn it Kon-Tikimuseum te Oslo.

De Tigrisekspedysje[bewurkje seksje | edit source]

De Ra II

Yn 1978 boude Heyerdahl in rieten boat nei âld Sumearysk foarbyld, dêr't er fan Syrje nei Ynje mei feare woe. Dizze Tigrisekspedysje bruts lykwols abrupt ôf yn Dzjibûty. Ut protest tsjin de kriich dy't yn de Hoarn fan Afrika oan de gong wie barne Heyerdahl eigenhannich it skip dêr.

Fan 1982 oant en mei 1984 late hy in ekspedysje nei de Maldiven, fan 1986 oant 1988 nei Peaske-eilân en yn 1988 langomlet nei Perû.

Yn 1991 ûndersocht Heyerdahl in groep bulten mei stiennen by Güímar en ûntdekke dat it net samar wat stienbulten wienen, mar piramides.

Hoewol't sommige tochten mislearen, bewiis it slagjen fan it oantal fan dizze primitive oseaanreizen troch Heyerdahl dat minsken út it Alde Egypte en Perû oare dielen fan de wrâld besocht hawwe, lang foardat westerske ûntdekkingsreizgers dat dienen. It meastepart fan Heyerdal syn teoryën wurde troch de offisjele wittenskip net serieus nommen, mar dat docht neat ôf oan syn algemiene populariteit.

Neilittenskip fan Heyerdahl[bewurkje seksje | edit source]

  • De filmde dokumentêre Kon-Tiki, in ferslach fan dy reis, wûn in Oscar.
  • Yn Oslo stiet it troch him stifte Kon-Tiki Museum.

Bibliografy[bewurkje seksje | edit source]

  • Fatu Hiva (earste fersy 1938, herziene fersy 1974 - zie onder)
  • De Kon-Tiki ekspedysje (1948)
  • Aku-Aku (1957)
  • De Ra Expedities (1970)
  • Early men and the Ocean (1978)
  • De Tigris Expeditie (1979)

Thor Heyerdahl ferstoar op 18 april 2002 oan in harsentumor yn de âldens fan 87 jier.

Fuotnoat[bewurkje seksje | edit source]

  1. (in) Human genome project