Thomas Gataker

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Thomas Gataker (septimber 1574 - july 1654) wie in Ingelske geastlike en teolooch.

Hy waard yn Londen berne oplaad oan it St. John's College yn Cambridge. Fan 1601 oant 1611 wie er dûmny fan de mienskip fan Lincoln's Inn, dêr't er mei ophâldde doe't er it predikantsplak fan Rotherhithe oannaam. Yn 1642 waard er keazen as lid fan de Synoade fan Westminster, en makke foar dizze Synoade kanttekeningen op de Bibelboeken Jesaja, Jeremia en de Klaailieten fan Jeremia.

It samle wurk fan Gataker waard yn 1698 yn Utert publisearre.