Thomas Brooks

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Thomas Brooks

Thomas Brooks (Ingelân, 1608 of 1610 - 27 septimber 1680) is berne yn Ingelân mar wêr't dat krekt wie is net bekend. Yn 1625 wurdt er ynskreaun as studint oan it Emmanuel College yn Cambridge. Hjir krijt er ûnder oaren les fan prefester David Mason. It is net bekend wat er fuortendaliks nei ôfrin fan syn stúdzje krekt dien hat, mar yn 1640 wurdt er (float)predikant. Hjirnei wurdt er fjildpreker by de kolonel Thomas Rainsborough oan dy syn dea yn 1648. Yn 1648 wurdt er predikant yn de tsjerke fan St. Thomas Apostle te Londen. Yn 1653 gie er nei de tsjerke fan de Fish Street Hill ek te Londen, dêr't er oant 1662 bleau.

Op 24 augustus 1662 waard de Act of Uniformity (Ienhydswet) ôfkundige. Dizze wet koe troch de puriteinen net ûndertekene wurde, en dêrom waard er ôfset as predikant. Thomas Brooks wie boaske oan Martha Burgess, dy't yn 1676 ferstoar en letter mei in mefrou Cartwright. Brooks ferstoar in 1680.

[bewurkje seksje] Wurk

  • The Mute Christian Under The Smarting Rod (1659)
  • Heavently Cordial (1665)
  • London's Lamentations (1670)
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen