Theunis Piersma

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Theunis Piersma (Kûbaard, 14 juny 1952) is lid fan de FNP. Hy wie de boargemaster fan de eardere gemeente Wûnseradiel tusken 16 oktober 1995 en 1 jannewaris 2011. Yn 2007 is Piersma begûn mei syn tredde perioade.

Mei syn oanstelling as boargemaster fan Wûnseradiel yn 1995 wie hy de earste boargemaster fan de FNP[1] en de earste boargemaster yn Nederlân dy't net lid is fan in lanlike partij.[2]

Foardat hy boargemaster fan Wûnseradiel waard wie hy wethâlder fan Tytsjerksteradiel foar de FNP. Ek wie hy dosint oan inkele HBU-opliedings yn Ljouwert.

Op 1 jannewaris 2011 gie Wûnseradiel op yn de nije gemeente Súdwest Fryslân, dêrtroch ferfoel syn funksje.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ik bin net oars as oaren NRC.nl
  2. Theunis Piersma werbeneamd foar tredde perioade Wûnseradiel.nl