The Wash

Ut Wikipedy
Oersjochskaart fan The Wash

The Wash is in estuarium en baai oan de eastkust fan Ingelân. It leit noardwestlik fan Norfolk en súdeastlik fan Lincolnshire. It is ien fan de grutste estuariums fan it Feriene Keninkryk. De rivieren de Witham, Welland, Nene en de Great Ouse komme yn The Wash út.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Wash is in hast fjouwerkante ynholte oan de Ingelske Noardseekust, mei trije rûchwei rjochte ouwers fan sa'n 25 kilometer, dy't hast heaks op elkoar steane. De eastigge fan The Wash leit hielendal yn Norfolk en rint fan Hunstanton yn it noarden nei de mûning fan de Great Ouse by King's Lynn yn it suden. De westouwer rint fan Gibraltar Point yn it noarden oant de mûningen fan de Witham en de Welland yn it suden, allebeide yn Lincolnshire. De súdouwer ferbynt de boppe neamde riviermûningen, en healweis leit de mûning fan de rivier de Nene.

It lân oan The Wash, The Fens is flak, leit leech en is faak sompich. Troch sedimintaasje en lânoanwinning hat de kustline fan The Wash troch de tiid hinne in protte feroarings ûndergien. Mear as ien plak, dy't earder oan de kust leinen, bygelyks King's Lynn, lizze no it lân yn.

The Wash is tige ûndjip en hat ferskate sânbanken, sa as de Breast Sand, Bulldog Sand, Roger Sand en Old South Sand, dy't by leechwetter drûch komme te lizzen, fral oan de súdouwer, dat it befarren fan The Wash is riskant. In fjoertoer jout de tagong fan it Lynn Channel oan; it iennichste feilige farwetter fan de Noardsee nei de súdkust fan The Wash.

Leginde[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens de leginde soe kening Jan fan Ingelân hjir de doetiidske Ingelske kroanjuwielen ferlern hawwe; sa is it segje King John lost his clothes in the wash ûntstien (Frysk: 'Kening Jan is syn klean yn de wask kwytrekke').

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]