The Sharing Knife: Legacy

Ut Wikipedy
The Sharing Knife: Legacy
algemiene gegevens
auteur Lois McMaster Bujold
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre fantasy
1e publikaasje 2007, New York
oarspr. útjwr. Eos
rige
rige The Sharing Knife
● foarich diel The Sharing Knife: Beguilement
● folgjend diel The Sharing Knife: Passage
kodearring
ISBN 978-0 06 11 39 055

The Sharing Knife: Legacy is in fantasy-roman fan 'e hân fan 'e súksesfolle en mannichfâld bekroande Amerikaanske skriuwster Lois McMaster Bujold. It makket ûnderdiel út fan The Sharing Knife, ien fan Bujold har beide fantasysearjes, wêrfan't de earste fjouwer boeken in trochrinnend ferhaal foarmje. Sadwaande is Legacy minder goed los fan 'e oare dielen te lêzen as romans út Bujold har oare beide romansearjes, de Vorkosigan-kroniken en de Chalion-syklus. Legacy is it twadde diel fan The Sharing Knife. It waard foar it earst útjûn yn 2007 en is ûnderwilens oerset yn seis talen.

Eftergrûn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bujold skreau Legacy, dat oerset wurde kin as "Erfskip", oarspronklik as ien boek mei it earste diel fan The Sharing Knife, Beguilement, yn 2005 en 2006, op grûn fan in teltsje dat se foar har eigen fermaak optocht hie. Ta har eigen ferheardens waard it ferhaal al gau sa lang dat it úteinlik foar de publikaasje opspjalte wurde moast yn twa dielen. The Sharing Knife, dat oarspronklik as namme foar it boek bedoeld wie, waard doe de namme fan 'e hiele romansearje. Legacy is skreaun yn it personele perspektyf, en ferskynde yn 2007 by Eos, in ymprint fan útjouwerij HarperCollins Publishers. It kaam yn 2007 út as audioboek, en yn 2011 as e-boek.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Legacy giet daliks fierder dêr't Beguilement ophold. Nei harren trouwen binne Fawn, in fanke fan boerekomôf, en de fjirtich jier âldere, ienhannige Marrinner Dag ûnderweis nei Hickory Camp, dêr't hy weikomt. As hja dêr ienris arrivearje, komme hja de al ferwachte rûnombywêzige foaroardielen tsjin, dy't hearskje tsjin houliken tusken magy-leaze boeren en tsjoenderij brûkende Marrinners. Fral Dag syn mem en âldere broer binne faaljekant op it houlik tsjin. Mar ear't der knopen trochhakke wurde kinne, komt der berjocht út in oanswettend achterlân dat dêr in fier foardere kweawillichheid opkommen is. De feteraan Dag wurdt oansteld as oanfierder fan 'e Marrinners út Hickory Camp, dy't as fersterking dêr nei ta stjoerd wurde.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.
Lois McMaster Bujold op 'e Finncon-konvinsje te Tampere, yn Finlân (2012).

Yn in evakuëarre Marrinnerskamp deunby it plak dêr't de kweawillichheid him ophâldt, ûntdekke Dag-en-dy ferskate Marrinners wa har geasten oft betize rekke binne yn in mûklaach fan 'e kweawillichheid, sadat se lichaamlik sjoen yn koma lykje te ferkearen. Dag beslút dat it tsjinhâlden fan 'e kweawillichheid wichtiger is as it befrijen fan dizze pear Marrinners. By in konfrontaasje dy't suver wol wat wei hat fan in fjildslach wit Dag mei in pear útsochte helpers it wêzen oer it mad te kommen en te deadzjen. Neitiid besiket er de Marrinners dy't se earder fûn hiene, te befrijen, mar rekket ynstee sels ek bestrûpt. Uteinlik komme Fawn en har no-nonsense-libbenshâlding deroan te pas om Dag en de oaren te befrijen.

Werom yn Hickory Camp is der lykwols neat feroare. Dag syn mem en broer dogge alle war om harren houlik ûnjildich ferklearje te litten. Hoewol't in grut part fan 'e Marrinners, benammen de jongerein en feteranen dêr't Dag jierrenlang mei gearwurke hat, op 'e hân fan it breidspear binne, ropt harren houlik ûnder de konservativen safolle ûngemaklikens op, dat de stimming fan 'e kamprie op it punt stiet om yn harren neidiel út te fallen. Mar dan kundiget Dag oan dat er dochs al fan doel wie en jou him ôf. Tegearre mei Fawn riidt er kamp út, mei as doel om, sa't er har ûnthjitten hie, in houliksreis nei de súdlike see te meitsjen.

Oersettings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Dútsk (Der Magische Dolch), fert. Alexander Lohmann, 2007;
  • Japansk (?), fert. Ayako Ogiso, 2007;
  • Russysk (Nasljedije), fert. A. Aljeksandrova, 2007;
  • Bulgaarsk (Nasledstvo), fert. Krasimir Bălkov, 2008;
  • Frânsk (Héritage), fert. Sylvain Rouillard, 2008;
  • Kroätysk (Baština), fert. ?, jier fan útjefte ?.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Bernardi, Michael, Full Translated Bibliography (www.dendarii.com).

Boarnen

The Sharing Knife
The Sharing Knife: Beguilement • The Sharing Knife: Legacy • The Sharing Knife: Passage • The Sharing Knife: Horizon • Knife Children