The Kinks
Ut Wikipedy
|
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |
The Kinks wie in Ingelske rockgroep, dy't ûntstie yn 1963 mei singer-songwriter Ray Davies, syn broer gitarist en sjonger Dave Davies, en bassist Pete Quaife. De fûleinige nûmers út harren begjinperioade joegen de toan oan by de rock-'n-roll mids jierren '60, en albums sa as Face to Face, Something Else, Village Green, Arthur (Or The Decline And Fall Of The British Empire) en Muswell Hillbillies stiene heech oanskreaun by fans en muzykkritisy.
Hits [bewurkje seksje]
The Kinks hiene fiif nûmer-ien-hits yn Nederlân:
- Dedicated Follower Of Fashion (1966)
- Sunny Afternoon (1966)
- Waterloo Sunset (1967)
- Lola (1970)
- Lola (Live) (1980)