The Fens

Ut Wikipedy
The Fens mei de ôfwetteringsgebieten
Wettermûne by Wicken Fen

The Fens, ek bekend as Fenland, is in leechlizzend gebiet yn it easten fan Ingelân oan de Noardsee. It gebiet is yn de 17e iuw drûchlein ûnder de lieding fan de Nederlânske wetterboukundige Cornelis Vermuyden.

The Fens lizze foar it grutste part by en oan The Wash, in grut estuarium yn it Feriene Keninkryk, en hearre bestjoerlik ta de regio's East of England en East Midlands, de fjouwer greefskippen (Lincolnshire, Cambridgeshire, Norfolk en in lyts part fan Suffolk) en alve distrikten. It hiele gebiet hat in oerflak fan sa'n 3800 km². Wichtige plakken yn The Fens binne Boston, Spalding, Ely, Wisbech en King's Lynn.

Skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hjoed de dei binne The Fens meast lânbougebieten, dy't flak binne, leech lizze, faak ûnder seenivo. Krekt as fergelykbere gebieten yn Nederlân, wiene The Fens oarspronklik sompelân, mei swiet- of sâltwetter, dy't keunstmjittich drûchlein binne en noch hieltyd beskerme wurde moatte tsjin oerstreamings. Mei help fan ôfwetteringssystemen binne The Fens mei fan de meast wichtige Britske ikkerbougebieten wurden, fral wat nôt en griente oanbelanget.

The Fens wurde ferdield yn ferskate ôfwetteringsgebieten (Ingelsk: levels), sa as de Great Level (ûnderferdield yn de North, Middle en South Level), Deeping Fen, Lindsey Level, Bourne Fen, Whaplode Fen, Holland Fen, West Fen en de East Fen. Dy gebieten binne yn de rin fan de skiednis gearfoege, opsplitst of oan oare kriten taheakke.

Tusken The Fens en The Wash, fral yn it middenpart, lizze waad- en sompegebieten. De wichtichste rivieren binne de Witham, Welland, Nene en de Great Ouse.

Fiksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under oaren de ek yn Nederlân bekende roman Waterland fan Graham Swift (1983) spilet yn dizze kontrei. Waterland waard ferfilme yn 1992 (regissearre troch Stephen Gyllenhaal); in protte sênes waarden filme yn Holbeach Marsh oan de kust fan The Wash.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]