The Feelies

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

The Feelies is in Amerikaanske rockband, dy't bestiet út Glenn Mercer, Bill Million, Dave Weckerman, Keith DeNunzio (ek wol Keith Clayton), Anton "Andy" Fier, Brenda Sauter, Stanley Demeski, Vinny DeNunzio en John J. Yn 1976 kamen sy foar it earst by elkoar en yn 1992 gongen sy út elkoar, nei 4 langspylplaten útbrocht te hawwen. Yn 2008 kamen de bandleden opnij by elkoar. Se ûnderskieden har fan in protte oare punk- en new wave-bands út dy tiid trochdat hja in soad mei soundscape wurken.

The Feelies spilen geregeld yn de muzykklup Maxwell's yn Hoboken. Har albums binne nea yn grutte tallen ferkocht, mar dochs hat har muzyk wol dúdlik ynfloed hân op oare bands as bygelyks R.E.M., dy't seinen troch it earste album Crazy Rhythms (Stiff Records) út 1980 hiel bot ynspirearre west te hawwen[1]. Ek Rick Moody, skriuwer fan ûnder oaren Garden State, neamt de band as ien fan syn ynspiraasjeboarnen[2]. The Feelies sels wienen fral wer beynfloede troch the Stooges, The Velvet Underground en Lou Reed[3].

De namme The Feelies is ôflaat fan in fiktive foarm fan fermaak út it boek Brave New World fan Aldous Huxley[1].

Albums[bewurkje seksje | edit source]

  • Crazy Rhythms (1980)
  • The Good Earth (1986)
  • No One Knows (1986)
  • Only Life (1988)
  • Time for a Witness (1991)

Keppelings om útens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 http://www.allmusic.com/artist/the-feelies-p4243 Ingelsk
  2. http://www.pastemagazine.com/articles/2008/03/the-feelies-plan-reunion-shows.html Ingelsk
  3. http://www.nytimes.com/2008/07/03/arts/03iht-feelies.1.14161113.html?_r=1 Ingelsk