The Beat
The Beat (yn Amearika bekend as The English Beat) is in 2-Tone ska band, yn 1978 oprjochte yn Ingelân. De muzyk hat skaaimerken fan ska, pop, soul, reggy en punk rock.
The Beat, bestie uit Dave Wakeling (sang & gitaar), Ranking Roger (sang), Andy Cox (gitaar), David Steele (bas), Everett Morton (drums) en Lionel Augustus Martin better bekend as Saxa (saksofoan). Se hawwe yn it begjin fan de jierren 80 trije studio albums makke: "I Just Can't Stop It" (1980), "Wha'ppen?" (1981) en "Special Beat Service" (1982), en in searje singels wêrûnder "Mirror in the Bathroom", "Too Nice To Talk To", "Can't Get Used To Losing You", en "Hands off She's Mine".
[bewurkje seksje] Untstean en suksessen
The Beat waard foarme yn Birmingham, yn in perioade dat de wurkleazens heech wie en yn Ingelân foar in soad soasjale ûnrêst soarge. De komst fan Ranking Roger, ien fan de sjongers fan de band foege in Jamaikaanske smaak oan it lûd fan de band ta, krekt as saksofoanist Saxa, dy't diel útmakke hie fan earste ska-weach, dêr't er spile hat mei mannen as Prince Buster, Laurel Aitken, en Desmond Dekker. Hy kaam by de band doe't dy har earste singel opnaam, "Tears of a Clown", bekend fan de Motownhit fan Smokey Robinson and the Miracles.
Oare opfallende singels fan it earste album binne "Can't Get Used to Losing You," "Mirror In the Bathroom," "Hands Off She's Mine" en "Best Friend." Mei de earste beide nûmers hie de band ek beskieden hits yn Nederlân. Foar de promoasje fan It twadde album fan The Beat "Wha'ppen?" waard yntensyf toerd yn Ingelân, op it fêste lân lân fan Europa en yn de Feriene Steaten dêr't se spilen mei The Pretenders en Talking Heads. It album soarge foar nije hits yn Ingelân mei "All Out to Get You" en "Too Nice To Talk To," dy't dêr beide de top 40 hellen. Yn de Feriene Steaten waard The Beat stipe troch moderne rock radio stasjons as KROQ-FM yn Los Angeles en KYYX yn Seattle.