Théophile de Bock

Ut Wikipedy
Théophile de Bock
Théophile de Bock, Lânskip by moanneljocht, oaljeverve op doek, 57 x 45 cm.
Hunebêd, Théophile de Bock (±1885)

Théophile Emile Achille de Bock (Den Haach, 14 jannewaris 1851 - Haarlim, 22 novimber 1904) wie in Nederlânsk keunstskilder dy't ta de Haachske Skoalle hearde.

Libbensrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Bock wie yn 't earstoan amtner by de Hollandsche IJzeren Spoorweg-Maatschappij. Hy krige syn skildersoplieding fan Jan Willem van Borselen en fan Jan Hendrik Weissenbruch. De keunstskilder Jacob Maris wie it grutte foarbyld foar De Bock. Fan 1877 en 1883 libbe en wurke er yn Parys en tusken 1878 en 1880 wie er oansletten by de Skoalle fan Barbizon, dêr't ek ynfloeden fan yn syn wurk werom te finen binne. Yn 1881 arbeide er ek oan it Panoarama Mesdag fan Hendrik Willem Mesdag; hy skildere de loft en de dunen. As alternatyf foar de Pulchri-studio waard yn 1891 op ynisjatyf fan De Bock de Haachske Keunstrûnte (de vereeniging van wat jong is en voelt) oprjochte. Théophile de Bock stoar mei 53 jier.

Skilderstyl[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Bock hie foaral omtinken foar it Nederlânske lânskip, sa as de hunebêden yn Drinte en boskgesichten oan de Feluweseam. Syn lânskippen yn dimmene kleuren, binne faak swier en wat swiersettich. Troch de wat rûge penseelstreken docht syn wurk modern oan, mar hy wie in romantikus.

Musea[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Gemeentemuseum De Haach hat meardere wurken fan him yn besit. It Drintsk Museum te Assen hat twa skilderijen, ûnder oaren it op dizze side ôfbylde Hunebêd.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: