Tetman de Vries

Ut Wikipedy
Tetman de Vries
artyst en/of kabaretier
persoanlike bysûnderheden
echte namme Tetman de Vries
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 1 maart 1915
berteplak Bitgummole
stoarn 13 july 1988
stjerplak Ljouwert
etnisiteit Frysk
wurkpaad
wurksum as kabaretier

Tetman de Vries (Bitgummole, 1 maart 1915 - Ljouwert, 13 july 1988) wie in Fryske kabaretier en revuskriuwer. Hy foarme mei syn twillingbroer Jarich de Vries it selskip Tetman en Jarich. Hy skreau sels de stikken en kabaretprogramma's en fierde dy yn it earstoan mei syn famylje op, letter hast ek altyd mei syn frou, Miene (Wilhelmina de Vries-Ganzinga). Underwerpen yn harren stikken wiene, neist it boerelibben, aktuele en soms licht filosofyske tema's.

Yn 1935 waard Tetman winkelsjef by it koöperative "Excelsior" yn Ljouwert. Doe't de revustikken hieltiten mear súkses krigen waard er 1947 beropsartyst. De grutte trochbraak komt mei de revu "De tiid hâldt gjin skoft", in opdracht fan it Bitgumer muzykkorps. De premiêre wie yn jannewaris 1944 en it waard dêrnei hast 1200 kear opfierd. Dêrnei folgen noch 23 Fryske revu's en kabarets, 17 gelegenheidsrevu's en 10 Nederlânske revu's. Dêr diene ek oare famyljeleden oan mei, letter benammen dochter Leny Dijkstra-de Vries en Klaas en Tine Westra.

Oant 1951 wie S.J. van der Molen pianist, Cor Huisman wie dêrnei oant 1963 muzikant en faak komponist.

Ek lettere artysten as Rients Gratama, Leo Dijkstra, Riek Landman en oaren, tefolle om allegear op te neamen, learden by Tetman en Jarich it fak.

Revu's[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • It kin raer biteare (1946)
  • De tiid sil 't leare (1954)
  • Omke Doeke komt út 'e hoeke (1962)
  • De Wrâld is uzes mei elkoar (1966)
  • Wy boartsje hjir mar in hoartsje (1968)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok, en M. Wiegersma, red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Vries, Tetman de.