Teksaanske Unôfhinklikheidsoarloch

Ut Wikipedy
Teksaanske Unôfhinklikheidsoarloch

Fjildtochten ûnder de Teksaanske Unôfhinklikheidsoarloch.
datum: 2 oktober 183521 april 1836
plak: súdlik Teksas
útkomst: de ûnôfhinklikheid fan 'e
Republyk Teksas
ferdrach: Ferdraggen fan Velasco
konfliktpartijen
Republyk Teksas Meksiko
befelhawwers
Sam Houston
James Fannin
Frank W. Johnson
Edward Burleson
Stephen F. Austin
Jim Bowie
William B. Travis
Juan Seguín

Antonio López de
   Santa Anna

Martín Perfecto de Cos
José de Urrea
Vicente Filisola
Domingo de Ugar-
   techea

Joaquín Ramírez y
   Sesma
sterkte
±2.000 6.500
ferliezen
700 deaden
100 ferwûnen

1.000 deaden
   500 ferwûnen
   300 kriichsfinzenen

De Teksaanske Unôfhinklikheidsoarloch, soms ek wol de Teksaanske Revolúsje neamd, wie in oarloch yn 1835 en 1836, wêrby't de provinsje Teksas himsels losskuorde fan it gruttere steatsferbân fan Meksiko. Dit konflikt waard foarôfgien troch in almar fierder tanimmende ymmigraasje fan Ingelsktalige kolonisten nei Teksas, dy't ôfkomstich wiene út 'e oanbuorjende Feriene Steaten. De nijynkommelingen hiene frijwol neat gemien mei de Meksikanen, en nei in perioade fan oprinnende spannings briek yn oktober 1835 in opstân út.

De Meksikaanske presidint Antonio López de Santa Anna joech sels lieding oan in militêre fjildtocht om 'e rebûlje del te slaan, en brocht de Teksanen dêrby yn 'e neite fan San Antonio in gefoelige nederlaach ta yn 'e Slach om de Alamo. Underwilens fersloech generaal José de Urrea de Teksanen oan 'e Golfkust yn 'e Goliad-kampanje. Nei in weromtocht dy't bekend kaam te stean as de Runaway Scrape, wist Sam Houston de Teksanen te wergroepearjen, wêrnei't se it Meksikaanske leger yn 'e Slach oan de San Jacinto oer it mad kamen en fersloegen. Dêrby waard Santa Anna kriichsfinzen nommen, wat neitiid late ta de Ferdraggen fan Velasco, dy't de fêstiging fan 'e ûnôfhinklike Republyk Teksas mooglik makken.

Foarskiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei in mislearre besykjen fan Frankryk om Teksas te kolonisearjen, oan 'e ein fan 'e santjinde iuw, kaam it gebiet foargoed yn 'e Spaanske ynfloedssfear. De Spanjerts makken der in provinsje fan harren koloanje Nij-Spanje fan, dy't yn 1821 nei in bittere striid úteinlik ûnôfhinklik waard ûnder de namme Meksiko. Teksas kaam doe ek ta it nije steatsferbân te hearren, mar om't dêr amper in kop wenne, dielde it Meksikaanske bestjoer it gebiet yn by de dielsteat Coahuila en Teksas. Yn 'e hope dat mear kolonisten de oanhâldende oanfallen fan 'e Komantsjen en Lipan-Apachen tsjinkeare kinne soene, liet Meksiko ta dat har yn 'e desennia dêrnei grutte oantallen Ingelsktalige kolonisten út 'e oanbuorjende Feriene Steaten yn Teksas nei wenjen setten. Dêrmei hellen se lykwols it Hynder fan Troaje binnen.

Yn 1825 hie Teksas 3.500 (blanke) ynwenners, wêrfan't fierwei it grutste part út Meksikanen fan Spaansk komôf bestie. Tsjin 1834 wiene der krapoan 38.000 (blanke) ynwenners, wêrûnder mar 7.800 Meksikanen. In soad fan 'e Amerikaanske nijynkommelingen lapen iepentlik de Meksikaanske wet oan harren lears, ynklusyf it ferbod op it hâlden fan slaven, mei't de slavernij yn Meksiko yn 1829 ôfskaft wie. Dat feit, yn kombinaasje mei it oanhâldende besykjen fan 'e Feriene Steaten om Teksas fan Meksiko te keapjen, wie yn 1830 foar it Meksikaanske regear fan presidint Anastasio Bustamante oanlieding om 'e grins op slot te smiten en gjin nije Amerikanen mear ta te litten. Tsjin dy tiid wie it lykwols al te let. Nije tolheffings op ynfier en útfier út en nei de Feriene Steaten makken de saak noch helte minder.

Yn 1832 fûn der yn Meksiko in revolúsje plak, wêrby't Bustamante ôfset waard troch generaal Antonio López de Santa Anna. Yn Teksas makken de Ingelsktalige kolonisten fan dy sitewaasje gebrûk troch de wapens op te nimmen tsjin it almar autoritêrdere Meksikaanske bewâld yn 'e provinsje. By de saneamde Opskuor fan Anahuac late in rige gearkomsten fan protestearjende Teksanen ta in stikmannich opstjitsjes en gewelddiedige konfrontaasjes. Tsjin augustus fan dat jier wiene alle Meksikaanske garnizoenen út East-Teksas ferdreaun. Fia de Konvinsje fan 1832 easken de Teksanen dat Teksas in selsstannige dielsteat fan Meksiko wurde soe, los fan Coahuila, en dat se mear fertsjintwurdigers krije soene yn it steatsparlemint. It jiers dêrop werhellen se harren easken op 'e Konvinsje fan 1833. Doe't Santa Anna yn novimber 1833 tajoech oan in diel fan dy easken, skreau Stephen F. Austin, ien fan 'e meast foaroansteande lieders fan 'e Amerikaanske kolonisten yn Teksas, dat "elts kwea dêr't wy oer klagen, ferholpen is."

Meksiko yn 1824. Coahuila en Teksas is de meast noardeastlike provinsje.

It die lykwols al gau bliken dat Santa Anna in sintralist wie, dy't de macht by de dielsteaten weihelje woe om 'e sintrale oerheid fuort te sterkjen. Yn 1835 waard de grûnwet fan 1824 ôfskaft, de steatsparleminten waarden nei hûs ta stjoerd en de milysjes fan 'e dielsteaten waarden ûntbûn. Federalisten yn hiel Meksiko besauden har oer dy gong fan saken, en yn 'e dielsteaten Oaxaca en Zacatecas brieken opstannen út. Dat sette Santa Anna oan en kom almar hurder fanwegen tsjin eltse foarm fan ferset. De steat fan belis waard yn it hiele lân útroppen, en de deastraf waard beoardere foar in elk dy't him iepentlik tsjin it Meksikaanske regear kearde. Nei't it Meksikaanske leger yn maaie 1835 de opstân yn Zacatecas de kop yndrukt hie, joech Santa Anna syn troepen frij om twa dagen lang de steatshaadstêd Zacatecas-Stêd te plonderjen, wêrby't mear as 2.000 boargers fermoarde waarden.

Yn Teksas, mei syn grutte befolkingsgroep fan Amerikaansk komôf, wie soks krekt oalje op it fjoer. De Amerikanen yn Teksas, dy't kwa leauwe, taal en kultuer frijwol neat gemien hiene mei Meksiko, mar nammenste mear mei de Feriene Steaten, wiene it Meksikaanske regear stadichoan as in útlânske oerhearsking begûn te beskôgjen. De Teksaanske Meksikanen, de saneamde Tejanos, dy't yn Meksiko eins neat yn 'e molke te krommeljen hiene om't se yn Teksas alhiel oan it fuottenein sieten, stiene yn dizze saak foar in grut part oan 'e kant fan 'e Amerikanen. Agustín Viesca, de gûverneur fan Coahuila en Teksas, wegere en ûntbyn it steatsparlemint. Ynstee ferhuze er it nei San Antonio de Béxar, dat fierder bûten de Meksikaanske ynfloedssfear lei. Hoewol't de foaroansteande Tejano Juan Seguín in milysje oprjochte, waard dyselde troch it stedsbestjoer fan San Antonio hjitten om him derbûten te hâlden, en Viesca sels waard troch Meksikaanske loyalisten oppakt ear't er Teksas berikke koe.

Stephen F. Austin, lieder fan 'e Teksanen fan 'e earste oere.

Troch de oanboazjende sitewaasje begûnen de Amerikaanske kolonisten yn Teksas yn oanwaaksende mjitte de folsleine ûnôfhinklikens fan Teksas foar te stean. Nei't in stikmannich fan harren yn juny in beheinde wapene rebûlje tsjin tolheffing yn Anahuac fierd hiene, beleine de foaroanmannen fan 'e Amerikaanske Teksanen in gearkomste, de saneamde Konsultaasje, om te besluten oft men hanthavening fan 'e status quo, in weromkear nei it federalisme, of ûnôfhinklikheid hawwe woe. Ear't de Konsultaasje op 15 oktober begjinne koe, joech Santa Anna yn septimber oarders oan syn sweager, generaal Martín Perfecto de Cos, om mei in legermacht fan 500 soldaten de broeiende rebûlje yn Teksas yn 'e kym te smoaren. Op 20 septimber gie Cos yn Teksas oan lân yn 'e haven fan Copano. Doe't dat bekend waard, rôp Stephen F. Austin alle mienskippen fan Amerikaanske kolonisten yn Teksas op om milysjes te foarmjen ta har eigen ferdigening.

De oarloch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Utbraak[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't de spannings yn Teksas almar fierder oprûnen, liek it kolonel Domingo de Ugartechea, de befelhawwer fan alle Meksikaanske troepen yn Teksas, in goed idee om 'e boargers fan Gonzales in lyts kanon te ûntnimmen dat oan harren in pear jier earder troch it Meksikaanske leger útliend wie ta beskerming tsjin oanfallen troch Yndianen. De earste groep soldaten dy't om it kanon kamen, waarden troch de milysje fan Gonzales sûnder kanon it stedsje útbonsjoerd. Dêrop stjoerde Ugartechea luitenant Francisco de Castañeda derop út mei hûndert dragonders. Castañeda wie in federalist dy't sympaty foar de Teksanen hie, en der alles oan die om iepentlike fijannichheden foar te kommen.

In lânkaart fan Meksiko yn 'e perioade 1835-1846. Yn 'e rôze dielsteaten wie doedestiden in separatistyske beweging aktyf.

Nei't er dagenlang oan it lyntsje holden wie wylst de ynwenners fan Gonzales op fersterkings wachten, waard syn ienheid moarnsier op 2 oktober 1835 oanfallen troch sa'n 140 milysjeleden. By it koarte gefjocht kamen twa Meksikaanske soldaten om en rekke in Teksaan ferwûne doe't er fan syn hynder kneppele. Neitiid frege en krige Castañeda in moeting mei John Henry Moore, de lieder fan 'e Teksanen, mar doe't er foar it ferstân krige dat dy fan gjin wiken witte woe, kearde er sûnder wat bedijd te hawwen werom nei San Antonio. Hoewol't dizze Slach by Gonzales in skermutseling fan neat wie, waard it troch de Teksanen opblaasd ta in grutte oerwinning. It ferhaal fersprate him as diggelfjoer oer de Feriene Steaten en soarge derfoar dat har in protte frijwilligers nei Teksas bejoegen om dêr tsjin 'e Meksikanen te fjochtsjen.

Oarloch oan 'e Golfkust[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't him it berjocht berikte fan 'e Slach by Gonzales, sette Cos mei syn 500 man yn tûzen hasten ôf út Goliad nei San Antonio. Op 6 oktober waard it Meksikaanske fort yn Goliad, it Presidio La Bahía, bestoarme troch 95 Amerikaanske kolonisten en 30 Tejano's, dy't net wisten dat Cos dêrwei al ôfset wie. Nei in gefjocht fan in healoere, wêrby't trije Meksikanen sneuvelen en ien of twa Teksanen en sân Meksikaanen ferwûne rekken, joech it Meksikaanske garnizoen him oer. It fort waard dêrnei beset holden troch Teksaanske milysjeleden ûnder kaptein Philip Dimmitt, dy't in diel fan syn mannen daliks nei Stephen F. Austin ta stjoerde om dy syn opmars nei San Antonio fuort te sterkjen.

It Presidio La Bahía, by Goliad.

Ein oktober stjoerde Dimmitt in groep Teksanen ûnder lieding fan Ira Westover nei San Patricio, om Fort Lipantitlán yn te nimmen. Op 'e jûn fan 3 novimber slagge dat Westover-en-dy sûnder in skot te lossen, mei't it grutste part fan it garnizoen op patrûlje wie. Nei't se it fort ôfbrutsen hiene, waarden se lykwols op 'e weromweis nei Goliad oerfallen troch de rest fan it garnizoen fan Fort Lipantitlán, fuortsterke mei fyftjin oant tweintich Meksikaanske loyalisten út San Patricio. Nei in skermutseling fan in healoere dy't bekend kaam te stean as de Slach by Lipantitlán, loeken de Meksikanen har werom, wêrmei't de hiele Golfkust fan Teksas yn 'e hannen fan 'e opstannelingen foel.

Westover-en-dy troffen op harren paad werom nei Goliad gûverneur Viesca, dy't befrijd wie troch federalistyske soldaten, en dêrnei daliks trochreizge wie nei Teksas mei as doel om it steatsregear fan Coahuila en Teksas te weroprjochtsjen. Westover naam de gûverneur mei nei Goliad, dêr't Dimmitt lykwols wegere om Viesca syn gesach te erkennen. Dat soarge foar rebûlje mank de Teksanen, mei't der ûnder Dimmitt syn troepen in soad oanhingers fan 'e gûverneur wiene. Dimmitt syn reäksje wie om 'e steat fan belis út te roppen. Yn 'e folgjende moannen briek yn 'e krite tusken Goliad en Refugio in soarte fan ynterne boargeroarloch mank de Teksanen út, wêrby't Carlos de la Garza út Goliad, in oanhinger fan it sintralistyske rezjym fan Santa Anna, in guerrilja-oarloch tsjin Dimmitt en syn oanhingers fierde.

Belis fan San Antonio[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Underwilens wie Austin mei de haadmacht fan it Teksaanske Leger, besteande út 450 man, ûnderweis nei San Antonio om it tsjin Cos op te nimmen. De Teksanen wiene fol selsbetrouwen dat se gau in oerwinning boeke soene, en dêrom joegen har in protte folmachten foar de Konsultaasje by it leger, mei as gefolch dat der foar de dy grutte gearkomste gjin kwoarum mear wie en it spul útsteld wurde moast oan 1 novimber. Nei't op 16 oktober Austin syn eask dat de Meksikanen yn San Antonio de wapens dellizze soene, troch Cos ôfwiisd wie, barrikadearre it 650 man sterke garnizoen de strjitten.

Kolonel Jim Bowie, dy't sneuvele yn 'e Slach om de Alamo.

Op 27 oktober ferkende de Teksaanske foarhoede, ûnder lieding fan Jim Bowie en James Fannin, de direkte omkriten fan San Antonio. De eardere missypost Mission Concepción waard útkeazen as legerbasis, wêrnei't boadskippers útstjoerd waarden om 'e rest fan 'e Teksaanske legermacht op te heljen. Doe't Cos lykwols oan 'e weet kaam dat de Teksanen har legermacht tydlik midstwa spjalte hiene, stjoerde er Ugartechea mei in diel fan it garnizoen derop út om Bowie en Fannin oan te fallen. It terrein om Mission Concepción hinne wie in beboske rivierdelling, dêr't de Meksikaanske kavalery net effisjint fjochtsje koe, en de gewearen fan 'e Meksikaanske ynfantery blieken in folle koarter berik te hawwen as de moderne Amerikaanske wapens fan 'e Teksanen. Nei't Bowie en Fannin trije kânsleaze bestoarmings fan harren posysje ôfslein hiene, wêrby't tusken de 14 en 76 Meksikanen de dea fûn hiene, joech Ugartechea it oer en loek er him werom op San Antonio. Ynstee dat se fan dizze Slach by Concepción learden hoe wichtich oft in goed ferdigenbere posysje is en hoe moedich oft de fijân wie, rekken de Teksanen hjirtroch ferfolle fan minachting foar 'dy domme Meksikanen' en begûnen se tefolle op harren superieure wapenreau te fertrouwen.

De oerwinning yn 'e Slach by Concepción holp de Teksanen lykwols net om San Antonio yn te nimmen, en de oarloch ûntjoech him ta in saak fan 'e lange azem ûnder it Belis fan San Antonio. Neigeraden dat it waar omsloech en de winter neieroan kaam, wylst ek de rantsoenen neat net grutter waarden, ferlieten groepkes Teksanen harren kamp om nei hûs te gean, de measten sûnder tastimming fan 'e ofsieren. Op 18 novimber krige it Teksaanske moreel in oppepper doe't de earste groep Amerikaanske frijwilligers, de New Orleans Greys, oan it front arrivearren. Oars as it meastepart fan 'e Teksanen seagen dy derút as soldaten, mei (grize) unifoarms, goed ûnderholden gewearen, genôch munysje en teminsten eat dat liek op dissipline.

De Teksaanske kolonel Edward Burleson.

Nei't Austin syn befel opjoech om 'e Teksaanske gesant yn 'e Feriene Steaten te wurden, waard Edward Burleson keazen om him op te folgjen. Op 26 novimber stjoerde dyselde Bowie en kaptein William H. Jack út om in Meksikaanske bagaazjetrein oan te fallen, dy't ûnder bewekking fan in hûnderttal soldaten ûnderweis wie om San Antonio te befoarriedzjen. Yn dat treffen dreaune de Teksanen de Meksikaanske soldaten nei de stêd ta en makken se de hiele bagaazjetrein bút. De teloarstelling wie grut doe't bliken die dat de mûldieren inkeld foeraazje foar de hynders fan Cos syn kavalery ferfierden, en it treffen waard dêrom neitiid it Gersgefjocht neamd.

Wat kâlder oft it waard, wat somberder oft de Teksaanske troepen waarden, oant Burleson op 4 desimber foarstelde om it belis mar op te heffen en foar de winter nei hûs te gean. Yn in wanhopich besykjen om dat foar te kommen, rekrutearre kolonel Ben Milam persoanlik frijwilligers foar in bestoarming. De oare moarns, op 5 desimber, krongen sa'n 200 man ûnder Milam en kolonel Frank W. Johnson San Antonio binnen, dêr't de rest fan 'e Teksanen har letter by harren joech. De fjouwer folgjende dagen fochten de Teksanen har fan hûs nei hûs in wei nei de fortifisearre plaza's yn it stedssintrum. Op 8 desimber krige Cos fersterking fan 650 Meksikaanske soldaten, mar ta syn ûntsteltenis bliek it foar it meastepart om griene rekruten te gean, wêrûnder ronsele finzenen dy't de keatlings noch ôfslein wurde moasten. Ynstee dat er der wat oan hie, ieten sokken allinnich mar in gat yn syn dochs al belúnjende itensfoarrieden. Uteinlik loek Cos him op 9 desimber mei syn troepen werom yn in âlde missypost fuort bûten San Antonio, dy't de Alamo hiet.

De Meksikaanske generaal Martín Perfecto de Cos.

Ienris yn 'e Alamo stelde Cos in plan foar in tsjinoanfal troch syn hynstefolk op. Kavalery-ofsieren dy't it in healwiis plan fûnen en wis wiene dat se folslein besingele reitsje soene troch de Teksanen, wegeren harren oarders en rieden mei likernôch 175 soldaten út fjouwer ferskillende eskadrons fuort nei it suden. Letter holden de Meksikanen út dat dyselden har oarders net goed begrepen hawwe soene en dat se net desertearre wiene. De oare moarns, op 10 desimber, joech Cos him oer. Under de betingsten fan 'e oerienkomst dy't er mei de Teksanen sleat, moast er him mei syn mannen ôfjaan út Teksas en mocht er nea wer tsjin foarstanners fan 'e Meksikaanske grûnwet fan 1824 fjochtsje. Mei Cos syn ôfreis wiene alle Meksikaanske troepen fan Teksaanske grûn ferdreaun, en in grut part fan 'e Teksanen miende dat se de oarloch wûn hiene. Op 15 desimber joech Burleson syn befel op en gie nei hûs. It grutste part fan syn ûnderhearrigen die itselde, en Frank W. Johnson krige it kommando oer de 400 man (fierhinne frijwilligers út 'e Feriene Steaten) dy't yn it leger bleaune.

Polityk yntermezzo[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Kolsultaasje kaam úteinlik op 3 novimber wer gear yn San Felipe, dêr't nei dagen fan ferbittere debatten besletten waard om in provysjoneel regear foar Teksas op te rjochtsjen ûnder de begjinsels fan 'e Meksikaanske grûnwet fan 1824. Hoewol't de ûnôfhinklikheid net útroppen waard, kaam der wol in ferklearring dat Teksas him net wer ûnder Meksikaansk bewâld deljaan soe oant it federalisme werynfierd wie. It nije bestjoer fan Teksas soe bestean út in gûverneur en in Algemiene Ried mei ien fertsjintwuriger út eltse gemeente. Under de oanname dat gûverneur en ried mei-inoar gearwurkje soene, waard der fierders neat fêstlein oer de skieding der machten. Wol waard der op 13 novimber besletten dat der in steand leger komme moast, mei generaal Sam Houston as befelhawwer, mar dy krige gjin sizzenskip oer Austin syn frijwilligersleger dat al bestie. Nei't Henry Smith keazen wie as gûverneur, hefte de Konsultaasje himsels op 14 novimber op en giene de fertsjintwurdigers nei hûs.

It nije regear fan Teksas hie gjin steatskas, dat it leger krige fan 'e Algemiene Ried tastimming om 'e foarrieden dy't it nedich hie, yn beslach te nimmen yn it neidiel fan partikulieren. Dêrtroch ûntstie der al rillegau in hast universele haat tsjin 'e Ried, mei't iten krap waard, fral yn 'e oarlochsgebieten dêr't it leger needsaaklikerwize operearje moast. Underwilens wiene guon it net iens mei it beslút om by Meksiko te bliuwen; it Teksaanske garnizoen fan it Presidio La Bahía joech op 22 desimber de saneamde Unôfhinklikheidsferklearring fan Goliad út. De Ried wegere lykwols om yn dy saak in beslissing te nimmen, en skreau ynstee nije ferkiezings út foar de Konvinsje fan 1836, dêr't alle frije blanke (d.w.s. Amerikaanske) manlju har stim foar útbringe koene, en Tejano's ynsafier't se federalisten wiene. Gûverneur Smith, dy't alle Meksikanen it kiesrjocht ûntnimme woe, besocht om 'e nocht om oer dat beslút syn feto út te sprekken.

De Teksaanske generaal Sam Houston, dy't fan 1836 oant 1838 en fan 1841 oant 1844 presidint fan 'e Republyk Teksas wie.

Wylst dat allegear oan 'e gong wie, diene foaroansteande federalisten, wêrûnder de eardere gûverneur Viesca, Lorenzo de Zavala en José Antonio Mexía, war om 'e Teksanen waarm te krijen foar in plan om Santa Anna syn garnizoen yn Matamoros, yn 'e oanbuorjende dielsteat Tamaulipas, oan te fallen. De Ried joech formeel tastimming foar dy Matamoros-ekspedysje, dy't útfierd wurde moatte soe troch it frijwilligersleger ûnder Johnson en dy syn ûnderbefelhawwer James Grant. Skiedkundige Stuart Reid hat in fermoeden oppenearre dat dy Grant eins in agint fan 'e Britske oerheid wie, dy't troch Teksas steviger oan Meksiko te binen (wat de Matamoros-ekspedysje bewurkmasterje soe) útwreiding fan 'e Feriene Steaten yn it neidiel fan Meksiko besocht tsjin te kearen.

De nearzige tsierderijen tusken gûverneur Smith en de Algemiene Ried boazen almar fierder oan, en op 9 jannewaris 1836 drige Smith de Ried te ûntbinen as dy net syn goedkarring foar de Matamoros-ekspedysje ynloek. Twa dagen letter stimde de Ried foar de ôfsetting fan Smith en waard James W. Robinson as waarnimmend gûverneur yn dy syn plak ynstallearre. Mei't der neat regele wie oangeande sokke kwestjes is it folslein ûndúdlik oft de gûverneur de Ried ûntbine of de Ried de gûverneur ôfsette koe. Yn 'e praktyk hearske der tsjin dy tiid folsleine anargy yn Teksas. Underwilens hie Houston yn opdracht fan Smith alle dielnimmers oan 'e Matamoros-ekspedysje op 70 man nei witten te ûntpraten om Johnson te folgjen, mar doe't troch Smith syn ôfsetting syn eigen gesach yn opspraak kaam, wosk er syn hannen fan 'e hiele binde en reizge er nei Nacogdoches, dêr't er út namme fan it Teksaanske regear in oerienkomst mei de Sjeroky sleat. Yn Houston syn ôfwêzigens late syn ûnderbefelhawwer James Fannin de frijwilligers, dy't net nei Matamoros woene, ynstee nei Goliad.

De Ried hie by it útskriuwen fan ferkiezings net fermeld hoe't dy krekt holden wurde moasten, mei as gefolch dat der yn febrewaris 1836 gaos útbriek, wêrby't eltse gemeente syn eigen regels tapaste. Yn Nacogdoches wegere de kieskommisje om ta te litten dat in ienheid fan 40 frijwilligers, dy't krekt arrivearre wie út Kentucky, meistimme soe. Dêrop loeken dy mannen har wapens en ferklearre harren oanfierder, kolonel Sidney Sherman, dat hy "nei Teksas kommen wie om derfoar te fjochtsjen, en dat er dêr likegoed yn Nacogdoches mei begjinne koe." Uteinlik mochten de frijwilligers meistimme. Doe't yn dyselde snuorje it berjocht út it suden kaam dat Santa Anna in grut leger gearbrocht om Teksas te weroverjen, degenerearre de oarlochsretoryk ta it foarstellen fan it konflikt mei Meksiko as in rasse-oarloch tusken blanken en (yn 'e wurden fan David G. Burnet) "in bastertras fan ûntaarde Spanjerts en fan Yndianen dy't sels noch ferdoarner wiene as sysels."

De Meksikaanske presidint Antonio López de Santa Anna.

Underwilens, yn Meksiko...[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It nijs fan 'e Slach by Gonzales berikte Santa Anna op 23 oktober. Teksas wie totaal net wichtich foar Meksiko; it wie in úthoeke dêr't barbaarske Yndianen en ûndissiplinearre Amerikaanske kolonisten inoar nei it libben stiene, en dêr't de trochsneed Meksikaan amper fan wist dat it bestie. Mar trochdat Amerikaanske ymmigranten it Meksikaanske leger op 'e flecht jage hiene, wie de nasjonale ear oantaaste, en doe't bliken die dat Santa Anna syn sweager Cos in nederlaach lit hie, kaam ek de famylje-ear fan 'e presidint sels yn 'e knipe. It koe dus net oars as dêr moast dalje op komme. Santa Anna droech syn ferantwurdlikheden as presidint oer oan syn neiste meiwurkers en naam persoanlik it befel op oer de troepen dy't yn Teksas regaad meitsje soene. Dy moasten doe noch gearbrocht wurde, want der wiene op dat stuit mar sa'n 2.500 soldaten yn it hiele Meksikaanske leger, en dy hiene it al drokkernôch mei it dwêstgjen fan 'e periodyk útbrekkende opstantsjes yn 'e midden en it suden fan it lân.

It saneamde Leger fan Operaasjes yn Teksas bestie sadwaande út lju dy't ûnder de tsjinstplicht roppen wiene en út feroardiele misdiedigers dy't leaver yn it leger tsjinnen as dat se nei it tichthûs giene. De tarissing fan it leger waard dreger makke troch de rûnombywêzige korrupsje, mei as gefolch dat de rantsoenearring krap wie. Boppedat wiene der gjin legerdokters of medyske foarrieden, en hast nimmen krige winterjassen of tekkens útrikt. Ein desimber naam it Meksikaanske Kongres op fersyk fan Santa Anna it saneamde Torneldekreet oan, neamd nei minister fan Oarloch José María Tornel, wêryn't wetlik ferankere waard dat bûtenlânske frijwilligers dy't dielnamen oan wapene ferset tsjin Meksikaanske troepen as seerôvers behannele wurde mochten, om't harren lannen net yn oarloch wiene mei Meksiko en se sels ûnder gjin inkele erkende flagge fochten. (Seerôvers waarden doedestiden sûnder pardon eksekutearre as se yn 'e hannen fan 'e autoriteiten foelen.) It bestean fan it Torneldekreet waard net buorkundich makke, en de measte Amerikaanske frijwilligers yn it Teksaanske leger sille der dus gjin weet fan hân hawwe dat se net op 'e wenstige behanneling as kriichsfinzenen rekkenje koene as se har oerjoegen.

Healwei desimber 1835 sette it út 6.019 man besteande Leger fan Operaasjes yn Teksas ôf nei it noarden, wêrby't de opmars opholden waard troch it feit dat der net genôch mûldieren wiene om 'e foarrieden te dragen en troch de kliber soldaderas (de froulju en bern fan 'e soldaten), dy't efter it leger oan teach. By temperatueren dy't in leechterekôr berikten en in sniefal fan likernôch 40 sm op 13 febrewaris beswieken in protte Meksikaanske soldaten oan ûnderkuolling en dysintery. Efterbliuwers waarden soms oanfallen en deade troch groepen krigers fan 'e Komantsjen. Mar likegoed gie de opmars stadich troch. Yn Saltillo joegen Cos en it garnizoen fan San Antonio har by it leger; Santa Anna beskôge Cos syn ûnthjit om net wer de wapens tsjin Teksas op te nimmen as fan nul en gjinderlei betsjutting, mei't dat dien wie oan opstannelingen. Op befel fan Santa Anna late generaal José de Urrea út Saltillo wei 550 man yn 'e rjochting fan Goliad, by de Golfkust lâns. Sels triek Santa Anna mei de haadmacht fan syn leger út it westen op, wêrmei't er de stellings fan 'e Teksanen, dy't him út it suden wei ferwachten, links lizze liet. Op 17 febrewaris stiek er de rivier de Nueces oer, dy't doedestiden de súdwestgrins fan Teksas foarme.

De Alamo, by San Antonio.

It Belis fan de Alamo[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjin dy tiid bestie it garnizoen fan 'e Alamo, by San Antonio, út minder as hûndert Teksanen ûnder befel fan kolonel James C. Neill. Om't Teksas net oer genôch mankrêft beskikte om 'e grutte âlde missypost te bemanjen, wie yn jannewaris kolonel Jim Bowie nei San Antonio stjoerd om 'e kanonnen ôf te fieren en de Alamo te ferneatigjen. Ienris teplak besleat Bowie lykwols dat de Alamo ûnmisber wie as foarútskode legerpost, sa't er yn in brief oan gûverneur Smith skreau. In pear dagen letter, op 3 febrewaris, arrivearre luitenant-kolonel William Barret Travis mei in ôfdieling fan 30 man fan it geregelde Teksaanske leger, noch wer in pear dagen letter folge troch in groep Amerikaanske frijwilligers, ûnder wa de ferneamde frontiersman Davy Cockett. Op 11 febrewaris sette Neill ôf om mear fersterkings en bettere befoarrieding te beävensearjen, en yn syn ôfwêzigens dielden Bowie en Travis it befel oer it garnizoen.

Doe't de foarhoede fan it leger fan Santa Anna op 23 febrewaris yn San Antonio arrivearre, wie de Teksaanske besetting fan 'e Alamo folslein net taret op in belegering. Tsjin 'e middei fan dy deis wie de stêd ynnommen troch 1.500 Meksikanen en wie it Belis fan de Alamo begûn, dat trettjin dagen duorre. Ferskate lytse skermutselings joegen de ferdigeners moed, mar hiene gjin wiere betsjutting. Bowie rekke op 24 febrewaris siik, sadat Travis yn 'e praktyk de kommandant fan it fort waard. Dyselde deis stjoerde er boadskippers út mei in brief ûnder de titel To the People of Texas & All Americans in the World, wêryn't er smeke om fersterkings en ûnthiet trochfjochtsje te sillen oant de oerwinning of de dea. Dat epistel hie yn 'e Feriene Steaten grutte ynfloed. Underwilens begûnen Teksaanske en Amerikaanske frijwilligers yn Gonzales te arrivearjen. Op 26 febrewaris besocht in ienheid fan 300 man ûnder Fannin om 'e Alamo te berikken, mar dy moast al nei minder as in myl ôflein te hawwe, omkeare. Uteinlik berikten minder as hûndert Teksaanske frijwilligers de Alamo, sadat it garnizoen tusken de 182 en 257 leden telde. Underwilens waard Santa Anna op 3 maart fuortsterke troch 1.000 nije soldaten út it suden.

De Amerikaanske folksheld Davy Crockett, dy't sneuvele yn 'e Slach om de Alamo.

Op 4 maart wegere Santa Anna om in pleatslike frou te wurd te stean dy't besocht om oer de oerjefte fan 'e Alamo te ûnderhanneljen. Dat wie nei alle gedachten Juana Navarro Alsbury, in famyljelid fan Bowie. Neitiid besleat Santa Anna dat er twa dagen letter syn leger in bestoarming útfiere litte woe, ek al retten syn generaals him oan om te wachtsjen oant de artillery it fort fierder yn pún sketten hie. Sadwaande begûn moarnsier op 6 maart de Slach om de Alamo. De Meksikanen trieken yn slachoarder op, en hoewol't yn sokke kolommen inkeld de foarste rigen soldaten harren gewearen feilich ôffjurje koene, waard dat troch ûnbeleardens ek troch in soad soldaten yn 'e rigen dêrefter dien, mei as gefolch dat in protte Meksikanen by ûngelok troch 'freonlik fjoer' om it libben kamen. Likegoed wiene der noch fiersten tefolle Meksikaanske soldaten foar de ferdigeners om tsjin te hâlden, en al rillegau klommen se oer de muorren de fêsting binnen. Om-ende-by de 80 Teksanen besochten út te brekken, mar waarden deade troch de Meksikaanske kavalery. Binnen in oere wie de striid oer, en wiene hast alle Teksanen dea, mei dêrûnder Travis en Bowie. Fjouwer oant sân Teksanen joegen har oer, en mooglik wie Davy Crockett ûnder dat groepke, mar Santa Anna sloech de smeekbea fan syn generaal Manuel Fernández Castrillón om harren te sparjen, yn 'e wyn en liet har daliks eksekutearje.

De measte histoarisy binne it deroer iens dat der yn 'e Slach om de Alamo 400 oant 600 Meksikanen sneuvelen of ferwûne rekken. As dat wier is, soe it om in trêdepart fan 'e totale sterkte fan 'e oanfallende ienheden gean, wat in ûnbidich ferliespersintaazje is. De slach wie militêr alhiel ûnbelangryk, mar hie polityk sjoen in geweldich grutte ynfloed. Travis wie der nammentlik yn slagge om 'e opmars fan Santa Anna genôch te fertraagjen dat yn San Felipe de Konvinsje fan 1836 plakfine koe. As er net fjirtjin dagen by San Antonio ferdien hie, wie Santa Anna nammentlik op 2 maart by San Felipe oankommen, in dei nei't de Konvinsje begûn wie, en hied er yn ien kear alle delegearren oppakke kinnen. De oerlibbenen fan 'e Alamo, fral froulju en bern, waarden troch de Meksikanen ûnderfrege, mar Santa Anna liet harren neitiid gean. Ien fan harren, Susanna Dickinson, waard mei Travis syn negerslaaf Joe nei Gonzales ta stjoerd, dêr't hja wenne, om it nijs fan 'e Teksaanske nederlaach te fersprieden. Santa Anna wie derfan oertsjûge dat de opstannelingen troch de wittenskip fan 'e nûmerike oermacht fan 'e Meksikanen en it tragysk lot fan 'e Teksaanske ferdigeners fan 'e Alamo de moed wol ûntsinke soe.

De Slach om de Alamo, op in skilderij fan Robert Jenkins Onderdonk.

De Goliad-kampanje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e tuskentiid hie Urrea op 31 jannewaris Matamoros berikt. Om't er sels in bekend federalist wie, slagge it him om 'e pleatslike federalisten dy't it mei de Teksanen holden, derfan te oertsjûgjen dat de Teksanen altyd al de ôfskieding fan Teksas yn 't sin hân hiene, en dat se de federalistyske saak foar har eigen doelen misbrûkten. Underwilens wiene Johnson en Grant mei harren Matamoros-ekspedysje optein nei San Patricio, dêr't Johnson wachte wylst Grant der mei in lytse ienheid op útteach, nei't er sei op 'e siik nei mear hynders, mar wierskynlik eins om kontaktpersoanen mank de federalisten fan Matamoros te moetsjen. It liket der sterk op dat dy kontaktpersoanen eins dûbelaginten wiene dy't foar it regear fan Santa Anna wurken. Yn elts gefal holden se Grant en Johnson foar dat dyselden noch altyd maklik Matamoros ynnimme kinne soene.

Koart nei midsnacht op 27 febrewaris kamen Urrea en syn troepen Johnson oer it mad yn 'e Slach by San Patricio. Seis Teksanen, wêrûnder Johnson, wisten te ûntkommen, mar de rest waard deade of finzen nommen. Op 2 maart rûn de ienheid fan Grant oan 'e Agua Dulce Creek yn in mûklaach fan 'e Meksikaanske kavalery. By de Slach oan de Agua Dulce kamen tolve Teksanen om, wêrûnder Grant, waarden fjouwer finzen nommen en ûntkamen seis. Hoewol't Urrea oarders hie om alle finzenen te eksekutearjen, stjoerde er harren ynstee ûnder bewekking nei Matamoros.

In wetterferveskilderij fan 'e Alamo, datearjend út 1847, alve jier nei de ferneamde slach.

Op 11 maart stjoerde Fannin út Goliad kaptein Amon B. King út om te helpen by de evakuaasje fan Amerikaanske kolonisten út Refugio. Ynstee brochten King-en-dy in dei lang troch mei de jacht op sympatisanten foar it rezjym fan Santa Anna op 'e pleatslike feepleatsen. Op 12 maart berikten se it fort te Refugio, dêr't se koarte tiid letter belegere waarden troch de foarhoede fan Urrea syn troepen yn gearwurking mei de guerriljastriders fan De la Garza. Dyseldichste deis ûntfong Fannin yn Goliad oarders fan Houston om it Presidio La Bahía, dat tsjin dy tiid omneamd wie ta Fort Defiance, mei de grûn lyk te meitsjen en him werom te lûken op Victoria. Om't er gjin mannen efterlitte woe, stjoerde Fannin dêrop kaptein William Ward der mei 120 man op út om King-en-dy te sykjen en te helpen. Ward-en-dy ûntsetten King yn Refugio, mar ynstee dat se dêrnei daliks mei-inoar nei Goliad rieden, ferdiene se in dei mei nije oerfallen op feepleatsen yn 'e omkriten, op 'e siik nei De la Garza syn mannen.

Urrea arrivearre op 14 maart mei syn haadmacht fan hast 1.000 man by Refugio, wêrnei't him yn de Slach by Refugio in soartgelikens senario ûntspûn as yn 'e Slach by Concepción. De Teksanen sloegen ferskate Meksikaanske oanfallen ôf mei help fan harren fierder sjittende gewearen, mar tsjin 'e jûn wiene de se hongerich, toarstich, wurch en hiene se hast al harren munysje fersketten. Ward joech befel foar in weromtocht, en by 't tsjuster gloepen de Teksanen troch de Meksikaanske linys, dêrby ferskate swierferwûnen efterlittend. Dat holp harren lykwols net folle, want yn 'e dagen dêrnei wist Urrea, stypjend op 'e kennis fan it pleatslik terrein fan De la Garza en syn mannen, de measte ûntsnapte Teksanen op te spoaren en finzen te nimmen. De measten waarden eksekutearre, hoewol't Urrea oan in pear genede skonk nei't harren froulju him om harred libben smeke hiene. Boppedat stie de Meksikaanske kolonel Juan José Holzinger derop dat alle Tejano's ûnder de soldaten fan Ward en King sparre waarden.

Tsjin 'e jûn fan 16 maart wie it leger fan Urrea op mars nei Goliad om Fannin syn weromtocht ôf te snijen. Underwilens wachte Fannin noch altyd omdôch op berjocht fan King en Ward. Doe't er op 18 maart úteinlik dochs besleat om him werom te lûken, arrivearre Urrea syn foarhoede, dy't bestie út kavalery. De Teksaanske kavalery gie de striid oan en de rest fan 'e dei fûnen der oer en wer skermutselings plak dêr't Fannin alhiel neat mei bedijde, mar dy't Urrea tiid joegen om syn haadmacht yn it fjild te bringen. Op 19 maart begûnen de Teksanen dan dochs oan 'e weromtocht, mar se hiene noch altyd gjin inkele haast, en nei't se mar 6½ km ôflein hiene, holden se ho om 'e oksen dy't se foar de weinen spand hiene, rêste te litten.

Tinkteken foar de ferdigeners fan 'e Alamo, mei foaroan Travis en Davy Crockett.

Oan 'e ein fan dy middeis helle Urrea harren yn, wylst Fannin doe krekt mei likernôch 300 man in stik iepen prêrje oerstiek. Urrea, dy't leard hie fan 'e Slach by Refugio, wie wisberet dat de Teksanen net de boskige krite by de Coleto Creek lâns berikke soene, op 2½ km ôfstân. Doe't se troch de Meksikanen besingele waarden, stelden de Teksanen har ta ferdigening yn in karree op, en yn 'e folgjende Slach by Coleto sloegen se trije Meksikaanske oanfallen ôf, dy't har 9 deaden en 51 ferwûnen kosten, tsjin 50 deaden en 140 ferwûnen oan Meksikaanske kant. De Teksanen hiene gjin wetter, mar in bytsje iten en harren munysje belune gau-gau, mar se holden in stimming en besleaten by mearderheid fan 'e stimmen dat se op dat plak stânhâlde soene ynstee fan te besykjen om it bosklân te berikken, om't dat betsjutte soe dat se in protte ferwûnen efterlitte moatte soene.

De oare moarns, 20 maart, liet Urrea syn doe krekt arrivearre kanonnen by de Teksanen lâns paradearje. Doe't se seagen hoe hopeleas oft harren posysje wie, joegen Fannin-en-dy har oer, neffens Meksikaanske dokuminten sûnder betingsten, mar neffens de Teksaanske mûnlinge oerlevering nei't harren bewissige wie dat se as kriichsfinzenen behannele en nei de Feriene Steaten ferballe wurde soene. Twa dagen letter besingele in ôfdieling fan Urrea syn mannen Ward en de lêsten fan syn groep op in ôfstân fan minder as oardel km fan Victoria. Hoewol't Ward der mordikus op tsjin wie, besleaten syn mannen by in stimming om har oer te jaan, nei't se letter seine om't har ûnthjitten wie dat se nei de Feriene Steaten stjoerd wurde soene. Op Palmsnein, 27 maart, waarden Fannin en Ward en al har manskippen fan it presidio fan Goliad nei in plak bûten de stêd brocht, dêr't se deasketten waarden. Meksikaanske kavalery wie deunby opsteld om ûntsnappings tsjin te kearen. Likernôch 342 Teksanen en Amerikaanske frijwilligers kamen by dit Bloedbad fan Goliad om, wylst 27 dochs wisten te ûntkommen of sparre waarden troch Meksikaanske troepen.

De Konvinsje fan 1836[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 1 maart gie te San Felipe de Konvinsje fan 1836 fan start mei 45 delegearren út 21 gemeenten. Binnen in oere nei de iepening tsjinne George C. Childress in útstel yn ta de útfurdiging fan in troch himsels skreaun Teksaanske Unôfhinklikheidsferklearring, dat op 2 maart mei in oerweldigjende mearderheid oannommen waard. De ûnôfhinklikheidsferklearring waard dyselde deis noch útfurdige, wêrmei't de Republyk Teksas ûntstie. Op 6 maart arrivearre, in pear oeren nei't by San Antonio de Alamo fallen wie, Travis syn lêste ferslach yn San Felipe. Dêrop tsjinne Robert Potter fuortendaliks in útstel yn dat de Konvinsje stillein wurde soe sadat alle delegearren har by it leger jaan koene. Generaal Sam Houston, dy't beneamd wie ta de oerbefelhawwer fan alle geregelde, frijwillige en milysjetroepen yn Teksas, wist de delegearren der lykwols fan te oertsjûgjen om op 'e Konvinsje te bliuwen, sadat se de nije steat foarmjaan koene.

De folgjende tsien dagen skreau de Konvinsje de grûnwet fan de Republyk Teksas, dy't se foar in grut diel wurd foar wurd oerskreaune fan 'e Amerikaanske Grûnwet en wêrfoar't se de Amerikaanske Grûnwet foar in oar diel foar parafrasearren. De nije republyk krige in regear dat frijwol in duplikaat fan it Amerikaanske regear wie, mei in twakeamerparlemint, in presidint en in heechgerjochtshôf dy't de trije machten fertsjintwurdigen. Oars as de Amerikaanske Grûnwet stie de Teksaanske grûnwet lykwols de ynbeslachname fan guod en de ynkertiering fan soldaten ta. Fierders waard de slavernij der eksplisyt troch legalisearre en teffens it rjocht fan it folk om ûnder beskate omstannichheden yn ferset te kommen tsjin it oerheidsgesach. Nei de oanname fan 'e grûnwet, op 17 maart, keazen de delegearren in interim-regear, wêrnei't de Konvinsje opheft waard. David G. Burnet, dy't gjin delegearre west hie, waard keazen ta presidint. De oare deis kundige dyselde oan dat it regear him yn it mear eastlik leine Harrisburg fêstigje soe.

David G. Burnet, de interim-presidint fan Teksas.

De Runaway Scrape[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 11 maart stjoerde Santa Anna in ôfdieling troepen as fersterking nei Urrea ta, mei it befel om op te tsjen nei Brazoria sadree't mei Fannin ôfweefd wie. In twadde kolonne fan 700 man liet er ûnder lieding fan generaal Antonio Gaona opmarsjearje oer de Camino Real nei Mina, en dêrwei nei Nacogdoches. Generaal Joaquín Ramírez y Sesma soe mei nochris 700 man optsjen fan San Antonio nei San Felipe, wylst er sels mei de reserve yn San Antonio ôfwachte. De trije Meksikaanske kolonnes trieken sadwaande parallel oaninoar op nei it easten, op 65 oant 80 km ôfstân faninoar.

Dyselde deis (11 maart) kaam Sam Houston oan yn Gonzales en fertelde de 374 frijwilligers dy't dêr legere wiene, dat Teksas no in ûnôfhinklike republyk wie. Koart nei alve oere jûns arrivearren dêr ek Susanna Dickinson en de slaaf Joe mei it nijs fan 'e fal fan de Alamo. Op in mei tûzen hasten gearroppen oarlochsried stimden de measte manlju foar de evakuaasje fan 'e hiele krite en in strategyske weromtocht, dy't de namme fan 'e Runaway Scrape krije soe, letterlik it "Fuortdraafgefjocht". Dy evakuaasje begûn al om 'e midsnacht hinne en gie sa fluch dat in protte Teksaanske ferkenners yn it fjild har der net fan bewust wiene en de oare deis raar opseagen doe't se yn Gonzales weromkamen. Alles dat net meisleept wurde koe, waard ferbaarnd, en de iennichste beide kanonnen dêr't de Teksanen oer beskikten, waarden yn 'e rivier de Guadalupe smiten. Doe't Ramírez y Sesma op 'e moarn fan 14 maart mei syn troepen Gonzales binnenried, smeulden de gebouwen noch nei.

Juan Seguin, ien fan 'e lieders fan 'e Tejano's dy't oan 'e kant fan Teksas fochten.

De measte boargers wiene geandefoets fuortflechte, in soad mei lytse bern op 'e earm of op 'e rêch. In kavalery-ienheid fan Tejano's, ûnder lieding fan Juan Seguín en Salvador Flores waard oanwiisd om 'e efterhoede te foarmjen en de boargers te beskermjen tsjin oanfallen fan 'e Meksikanen en fan Yndianen. Teffens moasten se derfoar soargje dat ek de mear isolearre feepleatsen evakuëarre waarden. Wat fierder oft de weromtocht gie, wat mear lju oft har derby oansleaten. Foar sawol militêre ienheden as flechtsjende boargers wie it tempo tergjende stadich: stjalprein hie de rivieren bûten har oeren trêdzje litten en de wegen feroare yn banen fan drek.

Neigeraden dat it nijs fan 'e fal fan de Alamo bekend waard, melden har almar mear frijwilligers oan om yn Houston syn leger te tsjinjen, dat op 19 maart 1.400 man telde. De deis dêrnei krige Houston berjocht fan Fannin syn nederlaach, en doe besefte er dat syn leger, dat frijwol gjin dissipline hie en noch minder trening, it iennichste wie dat tusken Teksas en de nederlaach yn stie. Om't er begriep dat syn troepen mar goed wiene foar ien fjildslach foar't se útinoar falle soene, en mei't er him reälisearre dat er, as er de striid mei ien fan 'e Meksikaanske kolonnes oangie, maklik troch de oare beide flankearre wurde koe, gied er it gefjocht almar wer út 'e wei. Dat foel net goed by syn ûnderhearrigen, dy't it as in foarm fan leffens seagen. Tsjin 28 maart, doe't it Teksaanske leger 190 km tebekwykt wie oer de rivieren de Navidad en de Colorado, begûnen in protte soldaten te desertearjen, wylst dejingen dy't bleaune, foeteren dat har generaal in leffert wie.

Op 31 maart berikten Houston en syn leger de furde fan Groce's Landing yn 'e rivier de Brazos, sa'n 24 km benoarden San Felipe. Twa kompanjyen dy't wegeren om har noch fierder werom te lûken, krigen fan Houston opdracht om dan mar de furde te bewekjen en te soargjen dat de Meksikanen dêr net oerstekke koene. De folgjende fjirtjin dagen rêsten de Teksanen út en begûnen se, foar it earst, militêre oefenings te hâlden. Yn dy tiid arrivearren der twa kanonnen, dy't de Twa Susters neamd waarden, út Cincinnati (Ohio). De interim-minister fan Oarloch Thomas Jefferson Rusk joech him by it leger, mei oarders fan presidint Burnet om Houston út syn funksje te ûntheffen as er oanhold mei syn wegering om te fjochtsjen. Houston wist Rusk lykwols sûnder in protte muoite derfan te oertsjûgjen dat syn plannen goed trochtocht wiene, en interim-minister fan Bûtenlânske Saken Samuel P. Carson bemuoide him mei de kwestje troch Houston oan te rieden om him hielendal werom te lûken op 'e rivier de Sabine, dy't de grins mei de Amerikaanske steat Louisiana foarme, om't it Teksaanske leger dêr mear Amerikaanske frijwilligers lûke soe. Lulk op alle oaren dy't dermei te krijen hiene, skreau Burnet oan Houston: "De fijân laket jo út. Jo moatte it gefjocht mei harren oangean. Jo moatte net fierder tebekwike. It lân ferwachtet fan jo dat jo it gefjocht oangeane. De rêding fan it lân hinget ôf fan jo berettens om dat te dwaan." Underwilens hie it protteljen fan 'e soldaten sokke foarmen oannommen dat Houston troch it kamp warskôgings ophingje liet dêr't er op skreaun hie dat eltsenien dy't besykje soe it befel oer te nimmen, foar de kriichsried dage en eksekutearre wurde soe.

Underwilens hie Santa Anna yn San Antonio berjocht krigen dat Miguel Barragán, oan wa't er syn funksjes as presidint tydlik oerdroegen hie, stoarn wie. Hy naam serieus yn omtinken en kear werom nei Meksiko om syn posysje feilich te stellen, mar eangstme dat Urrea him troch syn oerwinnings ta in politike rivaal ûntjaan soe, wjerhold him dêrfan. Ynstee besleat er dat it nedich wie dat er persoanlik it tafersjoch oer de úteinlike nederlaach fan 'e Teksaanske rebellen hie, dat op 29 maart ferliet er San Antonio mei it grutste part fan 'e reserve en joech er him by Ramírez y Sesma. By moarnsdage op 7 april marsjearren harren troepen San Felipe yn, mar it leger koene de Brazos net oerstekke fanwegen de beide Teksaanske kompanjyen dy't har by de Groce's Landing yngroeven hiene. Op 14 april late in frustrearre Santa Anna in lytsere legermacht fan sa'n 700 man om it regear fan Teksas finzen te nimmen, wylst er de rest fan syn troepen efterliet ûnder befel fan generaal Vicente Filisola. It regear wist lykwols op it nipperke te ûntkommen, wêrnei't Santa Anna kolonel Juan Almonte der mei in 50 man tellende kavalery-ienheid op útstjoerde om 'e flechtelingen yn New Washington de pas ôf te snijen. Almonte arivearre dêr krekt doe't presidint Burnet yn in roeiboat ôfsette nei Galveston (dat op in eilân foar de kust leit), en hoewol't de boat noch binnen berik fan har kûgels wie, oardere Almonte syn troepen om net te sjitten om't Burnet syn frou en bern ek yn 'e roeiboat sieten.

Tsjin dy tiid miende Santa Anna dat de rebûlje op stjerren nei dea wie. It Teksaanske regear wie it fêstelân ûntflechte en hie no gjin inkele manear om te kommunisearjen mei it leger dat net fjochtsje woe. It liek him dêrom de baas om in fierdere weromtocht fan 'e Teksanen te blokkearjen en harren ta in treffen te twingen, sadat de oarloch foar iens en foar altyd beëinige wurde koe. De ferkenners dy't Almonte útstjoerd hie, rapportearren by fersin dat Houston mei syn leger optriek nei de furde fan Lynchburg, oan 'e Buffalo Bayou, mei de bedoeling om him by it regear te Galveston te jaan. Sadwaande liet Santa Anna Harrisburg platbaarne en sette er ôf nei Lynchburg.

Mirabeau B. Lamar, oarlochsheld út 'e Slach oan de San Jacinto en fan 1838 oant 1841 presidint fan 'e Republyk Teksas.

Underwilens hie it Teksaanske leger de weromtocht nei it easten ferfette. Op 16 april berikte de foarhoede in twasprong dêr't ien wei noardoan nei Nacogdoches late en in oarenien súdoan nei Harrisburg. Sûnder dat dêr oerlis oer west hie, namen de troepen dy't foarop giene de wei nei Harrisburg, dêr't ommers it interim-regear fêstige wie. Se arrivearren dêr op 18 april, koart nei't Santa Anna en syn troepen ôfset wiene. Dyselde deis namen Deaf Smith en Henry Karnes in Meksikaanske koerier finzen dy't ynformaasje oer de lokaasje en plannen fan alle Mekiksaanske troepen yn Teksas by him hie. Doe't er seach dat Santa Anna mar in beheinde troepemacht by him hie en boppedat deunby wie, besefte Houston dat dit de kâns wie dêr't er op wachte hie. Hy joech in oanhisende taspraak foar syn mannen, wêryn't er harren oprôp: "Tink oan de Alamo" en "Tink oan Goliad". Dêrnei late er syn leger nei Lynchburg. Om't er bang wie dat de Teksanen fan Amerikaansk komôf gjin ûnderskie meitsje soene tusken Meksikanen en Tejano's, joech Houston earst de kompanjy fan Seguín opdracht om yn Harrisburg te bliuwen en de siken en ferwûnen fan it leger te bewekjen. Mar nei lûde protesten fan sawol Seguín as Antonio Manchaca, joech er ta en liet er de Tejano's mei de rest fan syn leger optsjen, salang't se mar stikken karton by de hoedbân yn droegen as werkenningsteken foar de rest fan 'e Teksanen.

De Slach oan de San Jacinto[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It terrein dêr't de rivier de San Jacinto útmûne yn 'e Buffalo Bayou bestie út tichte ikebosken dy't faninoar skaat waarden troch sompen. De Teksanen wiene tige bekend mei dat soarte lân, mar foar de Meksikanen wie it folslein frjemd. Houston syn leger, besteande út 900 man, arrivearre op 'e moarn fan 20 april, wylst Santa Anna mei syn 700 man in pear oeren letter by de bayou oankaam. De beide kanten sloegen likernôch 460 m faninoar ôf har respektivelike kampen op. De Teksanen hiene in goed ferdigenbere posysje, mar troch de sompen gjin mooglikheid ta weromtocht; de Meksikanen koene har wol weromlûke, mar Santa Anna hie, tsjin 'e rie fan syn ofsieren yn, in tige kwetsbere lokaasje útkeazen, op in stikje iepen gerslân mei in bosk oan 'e iene kant en in marke mei sompen oan 'e oare kant.

De Slach oan de San Jacinto, op in skilderij fan Henry Arthur McArdle, út 1895.

Dy deis fûnen der twa skermutselings plak, wêrfan't de earste wûn waard troch de Teksanen doe't se in ienheid Meksikaanske dragonders en begeliedende artillery twongen om har werom te lûken. Letter twongen de Meksikanen de Teksaanske kavalery ta in weromtocht. Yn 'e gaos fan it slachfjild waard minister fan Oarloch Rusk hast kriichsfinzen makke, mar hy waard rêden troch de krektlyn arrivearre Teksaanske frijwilliger Mirabeau B. Lamar (dy't letter presidint fan Teksas wurde soe). Hoewol't Houston it besocht tsjin te hâlden, namen ek in protte Teksaanske ynfanteristen diel oan 'e skermutselings. Doe't de Teksaanske kavalery úteinlik it fjild romje moast, rêde Lamar noch in Teksaan dy't fan it hynder rekke wie, wêrby't Meksikaanske ofsieren nei't it skynt applaudisearren foar syn dapperens.

De Meksikaanske troepen wurken de hiele nacht troch om harren kamp te fortifisearjen, wêrby't se boarstwarrings oanleine fan alles dat se fine koene, wêrûnder tûken en sealen. Om 9 oere de oare moarns, op 21 april, arrivearre generaal Martín Perfecto de Cos mei 540 man, wêrmei't it leger fan Santa Anna op goed 1.200 man kaam, mar de nije troepen wiene griene rekruten ynstee fan belearde soldaten, en se hiene in forsjearre mars fan mear as 24 oeren efter de rêch, sûnder rêst of iten. Doe't de tiid ferstriek sûnder dat de Teksanen oanfoelen, waarden de Meksikaanske ofsieren soargeleas. Tsjin 'e middei joech Santa Anna oan Cos syn mannen tastimming om har del te jaan, en syn eigen wurge troepen makken ek fan 'e gelegenheid gebrûk om wat te bekommen, te iten en har te waskjen.

Koart nei't Cos yn it Meksikaanske kamp oankommen wie, joech Houston befel om 'e brêge Vince's Bridge, op 8 km ôfstân, te ferrinnewearjen, sadat net noch mear fersterkings har by Santa Anna jaan koene. Om 4 oere middeis begûnen de Teksanen troch it hege gers op it Meksikaanske kamp ôf te krûpen, wêrby't se harren beide kanonnen efter har oan sleepten. It ôffjurjen fan 'e kanonnen, om 16.30 oere, wie it begjin fan 'e Slach oan de San Jacinto. Nei ien kanonnade ferbriek de Teksaanske ynfantery de rangen en krongen de soldaten oer de Meksikaanske boarstwarrings om it yn man-tsjin-mangefjochten op te nimmen tsjin 'e fijân. De Meksikanen wiene folslein ferrast. Santa Anna, Castrillón en Almonte skreauden harren soldaten oarders ta dy't inoar net selden tsjinsprieken wylst se besochten om in deugdlike ferdigening op te setten. Binnen 18 minuten nei't de oanfal begûn wie, begûnen de Meksikanen op 'e flecht te slaan, dêrby efterfolge troch de triomfantlike Teksanen.

Antonio López de Santa Anna, de presidint fan Meksiko, jout him oer oan 'e Teksanen nei syn nederlaach yn 'e Slach oan de San Jacinto.

In soad Meksikaanske soldaten besochten om troch it moeras nei Peggy Lake te ûntkommen, mar Teksaanske skutters stelden har op 'e iggen op en skeaten op alles dat beweegde. In protte Teksaanske ofsieren, wêrûnder Rusk en de ferwûne Houston, besochten de slachtpartij tsjin te hâlden, mar harren mannen wiene troch alles hinne breinroer en joegen net mear om sizzen. Under it roppen fan "Tink oan de Alamo! Tink oan Goliad!" giene se troch mei it deadzjen fan fijannige soldaten dy't gjin inkel gefaar mear foar harren foarmen. Nei skatting waarden dêrby sa'n 650 Meksikanen om hals brocht, wylst likernôch 300 kriichsfinzen nommen waarden. Yn 'e slach kamen fierders 11 Teksanen om, wylst 30 oaren ferwûne rekken, wêrûnder Houston, dy't troch in kûgel yn it ankel rekke waard. De generaal wie him der pynlik fan bewust dat de Teksanen de slach fierhinne wûn hiene troch de flaters fan 'e fijân ynstee fan troch eigen kinnen.

De Ferdraggen fan Velasco[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Underwilens wie Santa Anna ûntkommen yn 'e rjochting fan Vince's Bridge. Nei't er dy brêge ferwuostge oantrof, socht er in sideplak yn it moeras, dêr't er de oare deis kriichsfinzen nommen waard. Doe't er by Houston brocht waard, sammelen har dêr lulke Teksaanske soldaten dy't easken dat Santa Anna daliks eksekutearre wurde soe. Houston, dy't yn noed siet oer hoe't er de 4.000 oare Meksikanen yn Teksas ûnder it befel fan 'e generaals Urrea en Filisola yn fredesnamme ferslaan koe, liet him troch Santa Anna lykwols oertsjûgje dat dy him op dat mêd helpe koe. Sadwaande stjoerde Santa Anna in brief oan Filisola, wêryn't er gewach makke fan in "ûnfortúnlik treffen" dat er "justerjûn" hân hie. Tagelyk oardere er Filisola en syn troepen werom te gean nei San Antonio om dêr op fierdere ynstruksjes te wachtsjen.

Urrea, oan 'e oare kant, stie der by Filisola op oan om troch te setten mei de fjildtocht. Hy wie fol selsbetrouwen dat er súksesfol mei de Teksanen ôfweve koe. Mar Filisola syn troepen sonken op plakken oan 'e knibbels ta wei yn 'e drek, en hiene slim te lijen fan itenskrapte, dysintery en oare sykten, dat hy besleat dat er ûnder dizze omstannichheden net trochfjochtsje koe. Om't er net yn 'e takomst sjen koe, beskôge er syn weromtocht nei San Antonio lykwols mar as in tydlike tebeksetter en hied er gjin inkele twifel dat de Meksiko úteinlik oer de Teksanen triomfearje soe.

It Monumint fan San Jacinto betinkt de fallenen yn 'e Slach oan de San Jacinto.

Oan 'e San Jacinto ûnderhannele Santa Anna ferskate wiken efterinoar mei Houston en Rusk en letter mei presidint Burnet. Hy stelde foar dat se twa ferdraggen slute soene, in iepenbiere ferzje tusken Meksiko en de Republyk Teksas, en in geheimenien, dy't syn persoanlike ûnthjitten befetsje soe. By dy saneamde Ferdraggen fan Velasco, fan 14 maaie 1836, waard ôfpraat dat alle Meksikaanske troepen har weromlûke soene oare kant de Rio Grande, en dat alle priveebesit (koade foar slaven) weromjûn wurde soe. Kriichsfinzenen soene sûn en wol útwiksele wurde, en Santa Anna sels soe daliks in frije ôftocht nei Veracruz krije. Yn it geheim ûnthiet er ûnder mear dat er it Meksikaanske Kongres derta bringe soe om 'e Republyk Teksas as ûnôfhinklik lân te erkennen en de Rio Grande as de grins tusken beide lannen.

Doe't Urrea mids maaie nei it suden ta ôfmarsjearre, giene in soad famyljes út San Patricio en Refugio dy't him stipe hiene, mei. Hoewol't de Ferdraggen fan Velasco dúdlik steld hiene dat Urrea en Filisola de slaven, dy't beskûl fûn hiene by harren legers, oerdrage soene oan har eardere eigners, loek Urrea him dêr neat fan oan, en liet er de befrijde slaven mei weromkomme nei Meksiko, dêr't se yn frijheid libje koene. Tsjin ein maaie hiene alle Meksikaanske troepen har weromlutsen oare kant de Nueces, dy't neffens de Meksikanen de grins mei Teksas wie.

Neisleep[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't de Meksikaanske autoriteiten berjocht krigen fan 'e nederlaach fan Santa Anna oan 'e San Jacinto, hongen de flaggen yn hiele Meksiko healstôk as teken fan rou. It regear woe neat witten fan ôfspraken dy't mei opstannelingen makke wiene, en Filisola foel yn ûngenede om't er de lieding hân hie oer de weromtocht. Nei't dyselde ferfongen wie troch Urrea, waard binnen in pear moanne te Matamoros in legermacht fan 6.000 man gearbrocht, dêr't Teksas mei werovere wurde moast. Ear't dat barre koe, brieken der lykwols op oare plakken yn Meksiko federalistyske opstannen út, en waarden Urrea en syn mannen dêrhinne stjoerd.

De Republyk Teksas fan 1836 oant 1845:
     gebiet dat Teksas behearske
     gebiet dêr't Teksas oanspraak op makke
     (de rest fan) Meksiko
     de Feriene Steaten.

Doe't Santa Anna op 1 juny werom soe nei Meksiko, waard dat tsjinholden troch lulke Teksaanske soldaten, wêrfan't in grut part noch mar krekt út 'e Feriene Steaten arrivearre wie en hielendal net meifochten hie yn 'e oarloch. Nei't se trije dagen lang syn skip opkeard hiene, namen se him op 4 juny sels yn 'e hechten. Doe't der mids july in mislearre militêre steatsgreep plakfûn, besleat presidint Burnet om nije ferkiezings út te skriuwen. Dêrby waard Sam Houston ta presidint keazen, en ien fan dy syn earste dieden as presidint wie om Santa Anna oer lân nei de Washington, D.C. te stjoeren, dêr't er sûnder fierdere swierrichheden wei trochreizgje koe nei Meksiko. Under syn kriichsfinzenskip wie Santa Anna ôfset as presidint, en doe't er wer thús kaam, foel er yn ûngenede fanwegen syn nederlaach. Dat duorre oant 1838, doe't er as held fan 'e saneamde Taarte-oarloch, in militêr ynsidint tusken Meksiko en Frankryk, wer presidint wurde koe.

Yn Teksas ferwachten de measten dat it Meksikaanske leger gau werkomme soe. Yn 'e moannen nei de oerwinning oan 'e San Jacinto krige it leger sa'n tastream fan Amerikaanske frijwilligers te ferwurkjen, dat it op in stuit net mear slagge om dêr in akkurate list fan by te hâlden. Yn San Antonio bleau hiel 1836 de steat fan belis fan krêft, en minister Rusk joech befel dat alle Tejano's dy't yn 'e krite tusken de rivieren de Guadalupe en de Nueces wennen, òf nei East-Teksas of nei Meksiko ferfarre moasten. Dejingen dy't wegeren waarden mei geweld deportearre. Tagelyk arrivearren Amerikaanske kolonisten dy't har op it frijkommen lân nei wenjen setten. De folgjende jierren emigrearren hûnderten Tejano-famyljes nei Meksiko.

Jierrenlang waard de werovering fan Teksas troch de Meksikaanske autoriteiten brûkt as ferlechje foar de oplizzing fan nije belestings en it taskowen fan it jild fan it ferearme lân oan it leger. Lykwols fûnen der inkeld sporadyske skermutselings plak, mei't gruttere fjildtochten almar wer útsteld waarden fanwegen opstannen yn oare dielen fan Meksiko. De noardeastlike steaten fan Meksiko, dy't de federalisten befrije wollen hiene mei de Matamoros-ekspedysje, ferklearren har yn 1839 in skoftke ûnôfhinklik as de Republyk fan de Rio Grande. Datselde jiers naam it Meksikaanske Kongres in wet yn omtinken dy't it offisjeel ta in foarm fan lânferrie meitsje soe om posityf oer Teksas te praten. Pas yn juny 1843 waard der formeel in wapenstilstân sletten tusken Meksiko en Teksas.

Teksas waard nei de oarloch it toaniel fan bittere politike strideraasjes tusken twa partijen binnen de nije republyk. De nasjonalisten, oanfierd troch fise-presidint Mirabeau B. Lamar, stiene de trochgeande ûnôfhinklikheid fan Teksas foar, de deportaasje fan alle Yndianen nei it bûtenlân en de útwreiding fan 'e republyk nei it westen oan 'e kust fan 'e Stille Oseaan ta. De federalisten, oanfierd troch Houston, seagen mear yn oansluting by de Feriene Steaten en freedsum gearlibjen mei de Yndianen. De Feriene Steaten erkenden de Republyk Teksas yn maart 1837, mar wegeren Teksas te anneksearjen. Ein 1839 erkende Frankryk Teksas as ûnôfhinklik lân en Grut-Brittanje folge yn 1840.

Nei't it Amerikaanske Kongres yn maart 1845 in resolúsje oannommen hie dy't oprôp om Teksas as 28e steat yn 'e Amerikaanske Uny op te nimmen, stelde Meksiko twa moanne letter foar om 'e ûnôfhinklikheid fan Teksas te erkennen op betingst dat der gjin anneksaasje troch de Feriene Steaten plakfine soe. By in referindum, dat holden waard op 4 july 1845, stimde de meardheid fan 'e Teksaanske kiezers lykwols foar opnimming yn 'e Feriene Steaten. Doe't dy anneksaasje op 29 desimber 1845 in feit waard, late dat begjin 1846 ta it útbrekken fan 'e Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch, wêrby't Meksiko behalven Teksas ek Kalifornje en it hiele Amerikaanske Súdwesten oan 'e Feriene Steaten kwytrekke (mei-inoar hast 55% fan it doetiidske Meksikaanske grûngebiet) by de saneamde Meksikaanske Sesje, dy't yn 1848 fêstlein waard yn it Ferdrach fan Guadalupe Hidalgo.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.