Teije Eabels

Ut Wikipedy

Teije Eabels wie in ryk man dy’t yn de earste helte fan de 16e iuw yn Duerswâld wenne. Hy is de foarfaar fan aadlike famyljes út de 18e en 19e iuw dy't yn it foarname doarp Beetstersweach wennen. Guon út syn neiteam waarden troch it grutgrûnbesit grytman.