Tawakkul Karman

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Tawakkul Karman by in demonstraasje, op 18 oktober 2011.

Tawakkul Karman (Arabysk: توكل كرمان; sekuerder transliterearre: Tawakul Karmān; Mekhlaf, 7 febrewaris 1979) is in Jemenitysk sjoernaliste, politika en minskerjochte-aktiviste, dy't har foar de bûtenwrâld oer ûntjoech ta it gesicht fan 'e Jemenityske Opstân fan 2011, in ûnderdiel fan 'e Arabyske Maityd. Hja is ien fan 'e lieders fan 'e politike partij Al-Islah, en stiet oan it haad fan 'e aksjegroep Sjoernalistes sûnder Boeiens, dy't se yn 2005 mei-oprjochte. Sûnt dy tiid hat se yn har heitelân bekendheid krigen troch har net-ôflittende striid foar minskerjochten (en yn it bysûnder frouljusrjochten) en parsefrijheid. Fan 2007 ôf late hja wyklikse demonstraasjes foar politike herfoarmings yn 'e Jemenityske haadstêd Sana'a. Doe't yn 2011 de Arabyske Maityd útbriek, earst yn Tuneezje, doe yn Egypte en letter ek yn oare lannen, soarge sy derfoar dat de protesten yn Jemen krekt sa organisearre waarden, en waard se ien fan 'e oanfierders fan 'e moannenlange demonstraasjes tsjin it bewâld fan presidint Ali Abdullah Saleh. De Jemeniten neame Karman de "Izerne Frou" en de "Mem fan 'e Revolúsje". Yn 2011 waard har yn 'e mande mei twa oaren (de Libeariaanske presidinte Ellen Johnson Sirleaf en de Liberiaanske fredesaktiviste Leymah Gbowee) de Nobelpriis foar de Frede takend. Karman is de earste Jemenyt, de earste Arabyske frou en de twadde islamityske frou dy't eare wurdt mei in Nobelpriis. En teffens is se de jongste persoan dy't ea de Nobelpriis foar de Frede krigen hat.