Tarbagan

Ut Wikipedy
tarbagan
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje iikhoarntsjes (Sciuridae)
skaai marmotten (Marmota)
soarte
Marmota sibirica
Radde, 1862
IUCN-status: bedrige

De tarbagan of Mongoalske marmot (Latynske namme: Marmota sibirica) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae) en it skaai fan 'e marmotten (Marmota), dat foar it earst wittenskiplik beskreaun waard yn 1862, troch de Dútske biolooch Gustav Radde. Dizze soarte komt foar yn noardlik en westlik Mongoalje; yn Ruslân yn súdwestlik Sibearje, Tûva en de Transbaikal-regio; en yn 'e Sineeske autonome regio Binnen-Mongoalje en de provinsje Heilongdjiang. Yn 'e Mongoalske Altai oerlapet it ferspriedingsgebiet fan 'e tarbagan dat fan 'e Altaimarmot (Marmota baibacina). Om't er yn 'e knipe kommen is troch habitatferlies, hat de tarbagan yn 2008 de IUCN-status fan "bedrige" krigen.

Relaasje mei de minske[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It fleis fan 'e tarbagan foarmet in wichtich ûnderdiel fan 'e Mongoalske koken, en yn 't bysûnder fan it gerjocht boodog. Dêrby wurdt in slachte tarbagan fan syn bonken ûntdien, wêrnei't it fleis sean wurdt troch stiennen dy't yn 't foar gleonhjit makke binne yn in fjurke, yn 'e búkholte fan it karkas yn te bringen. De hûd wurdt dan byinoar bûn, sadat it gehiel wol wat wei hat fan in pûde. Tradisjoneel wurde tarbagans yn Mongoalje inkeld oan it begjin fan 'e hjerst bejage, as se har de hiele simmer troch grou fretten hawwe by wize fan tarieding foar de wintersliep.

Yn noardeastlik Sina en Mongoalje hawwe tarbagans histoarysk sjoen ferantwurdlik west foar ferskate pestepidemyen. Dêrby giet it om 'e longpest, de deadlikste foarm fan 'e sykte, dy't tusken de bisten ûnderling ferspraat wurdt troch har hoastjen. De pest kin oerspringe nei de minske troch de byt fan 'e tarbaganflie (Ceratophyllus silantievi) of troch de konsumpsje fan tarbaganfleis.

Undersoarten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binne twa erkende ûndersoarten fan 'e tarbagan:

  • de gewoane tarbagan (Marmota sibirica sibirica)
  • de grize tarbagan (Marmota sibirica caliginosus)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.