Tampa
| Tampa | ||
| Boppe, lofts nei rjochts: Stedssilhûet sintrum Tampa, St. Pete Times Forum, Ybor City, Henry B. Plant Museum, Raymond James Stadium, Busch Gardens Tampa Bay | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 335.709 (2010) | |
| Oerflak | 441,9 km² | |
| Befolkingstichtens | 1.146,7 / km² | |
| Stêdekloft | 4 miljoen | |
| Hichte | 14,6 m | |
| Polityk | ||
| Lân | Feriene Steaten | |
| Steat | Florida | |
| County | Hillsborough | |
| Oar | ||
| Stifting | 1823 | |
| Tiidsône | EST (UTC-5) | |
| *Simmertiid | EDT (UTC-4) | |
| Webside | Offisjele webside Tampa | |
Tampa is in stêd yn Florida yn het suden fan de Feriene Steaten. Tampa leit oan de ein fan de Baai fan Tampa, de steedlike agglomeraasje leit benammen tusken de Golf fan Meksiko en de baai. De stêd is de grutste fan de stêdekloft dy't mear as 2,6 miljoen ynwenners hat. Grutte plakken yn de kloft binne Saint Petersburg, Clearwater en Largo.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Ut de skiednis
It plak fan it hjoeddeiske Tampa wie yn it ferline bewenne troch in ferskate lânseigen folken, it koartst lyn troch de Tokobaga. It gebiet waard yn de iere 16e ieu besocht troch Spaanske ûntdekkingsreizgers, mar der wienen gjin fêste Amerikaanske as Europeeske delsettings oant 1824, doe't it Amerikaanske leger dêr in foarútskode bûtenpost mei de namme Fort Brooke stifte op it plak dêr't no it Tampa Convention Center stiet. It doarp Tampa ûntstie doe't in lytse groep pioniers harren by it fort nei wenjen setten, omdat sy beskerming tsjin it folk de Seminolen sochten.
[bewurkje seksje] Namme
It wurd "Tampa" soe "stokken fan fjoer" betsjutte kinne yn de taal fan de Kalusa, yn yndianestam dy't ea besuden de Baai fan Tampa wenne. Dat soe te krijen hawwe kinne mei it simmers faak foarkommende tonger en it ûntstean fan brân troch ynslaand wjerljocht. Oare skiedkundigen tinke dat de namme "plak om stokken te garjen" betsjut.
[bewurkje seksje] Demografy
Fan de befolking is 12,5 % boppe de 65 jier en 33,7 % bestiet út ienpersoanshúshâldings. De wurkleazens berint 3,2 % (sifers folkstelling 2000).
Likernôch 19,3 % fan de befolking fan Tampa bestiet út hispanics en latino's, 26,1 % is fan Afrikaanske oarsprong en 2,2 % fan Aziatyske oarsprong.
It ynwennertal gie omheech fan 280.826 yn 1990 nei 335.709 yn 2010.
[bewurkje seksje] Befolkingsgroei
- 1850.......974
- 1870.......796
- 1880.......720
- 1890.....5.532
- 1900....15.839
- 1910....37.782
- 1920....51.608
- 1930...101.161
- 1940...108.391
- 1950...124.681
- 1960...274.970
- 1970...277.767
- 1980...271.523
- 1990...280.015
- 2000...303.447
- 2003...317.647
- 2010...335.709
[bewurkje seksje] Klimaat
Jannewaris hat in trochsneed temperatuer fan 15,5 °C, yn july is dat 27,8 °C. Jierlikse delslach is trochstrings 1120 mm (feiten op basis fan de mjitperioade 1961-1990).
[bewurkje seksje] Ekonomy
Sa as op de measte plakken yn Florida, hat ek Tampa him fral talein op tsjinstferliening en toerisme. In protte minsken út it hiele lân bringe dêr de wintermoannen troch. Fierders sitte der in protte banken yn Tampa, dy't dêrwei de regio's yn Florida betsjinje. Teffens sit it Wikimedia-haadrekkensintrum yn de stêd.
[bewurkje seksje] Universiteiten
De stêd hat twa universiteiten: de Universiteit fan Súd-Florida en de Universiteit fan Tampa.
[bewurkje seksje] It besjen wurdich
- Florida Akwarium
- Busch-tunen
- Lowry Park bistetún
- Museum fan Wittenskip en Yndustry (MOSI)
- Tampa Museum of Art
- Henry B. Plant Museum
- Ybor City
- It Channelside District