Tako Hajo Jelgersma

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Grisaille foar it Hofje van Noblet makke yn 1763.

Tako Hajo Jelgersma (29 oktober 1702, Harns - 24 maart 1795, Haarlim), wie in 18e ieusk Nederlânsk keunstskilder.

[bewurkje seksje] Biografy

Neffens de RKD ferfarde er earst yn 1757 nei Haarlim.[1] Hy wie learling fan Frans Decker en Wigerus Vitringa. Yn it earstoan skildere er skippen en seegesichten, letter skildere er lânskippen, portretten en kopiearre ek wol wurk fan âlde masters. Syn grisailles makke er yn de trant fan Jacob de Wit.[1] Johan Bernard Brandhoff, Johannes Petrus fan Horstok, Cornelis fan Noarde, Martinus fan der Jagt en Johannes Swertner wienen syn learlingen.[1]

Jelgersma stoar as frijgesel yn de âldens fan benei 93 jier.

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 Tako Hajo Jelgersma yn de RKD
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen