Taco Mesdag

Ut Wikipedy
Taco Mesdag

Taco Mesdag (Grins, 21 septimber 1829De Haach, 4 augustus 1902) wie in Nederlânsk bankier en keunstskilder.[1]

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mesdag, soan fan de Grinzer bankier Klaas Mesdag en Johanna Willemina van Giffen, wurke lykas ek syn jongere broer Hendrik Willem Mesdag op de bank fan syn famylje. Krekt as Hendrik keas Taco lang om let foar it skildersfak. Hy krige les fan ûnder oaren Paul Gabriël. Mesdag is fral bekend wurden as skilder fan it Drintske lânskip.

De bruorren Mesdag spilen in wichtige rol yn it Haachske skildersgenoatskip Pulchri Studio, dêr't Hendrik jierrenlang foarsitter en Taco ponghâlder fan west hat.

Mesdag boaske oan skilderesse schilderes Geesje van Calcar fan Hoogezand. In soad fan syn wurk waard troch syn widdo oan it Grinzer Museum skonken. Op ynternet is in apart Museum Mesdagvancalcar ynrjochte mei wurk fan Mesdag en Van Calcar en oare keunstners fan de Haachske Skoalle.

Galery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. RKD