Syrus II
Syrus II de Grutte (yn de Bibel Kores neamd) is de stifter fan it Perzyske Ryk. Hy is in telch út de Achaemeniden dynasty. Yn de skiednis wurdt hiel geunstich oer him oardiele. Foar syn tiid fierde hy in tige liberaal bewâld en wie religieusk ferdraachsum foar oare godstsjinsten oer, sadwaande dat er de taheaking De Grutte krige.
[bewurkje seksje] Biografy
Neffens it ferslach fan de Grykske skriuwer Herodotus fan Halikarnassus folge Syrus syn heit Kambyses op as foarst fan de Perzen, dy't yn dy tiid ûnderhearrich wienen oan de Meden.
Syrus kaam mei syn folk yn opstân en wie tige súksesfol yn de striid tsjin de Meden. Yn 559 f. Kr. slagge hy der yn de Meden te ferslaan en harren ryk te oermasterjen. Nei dizze oerwinning set er lykwols syn ferovertocht troch dy't fan it Perzyske Ryk it earste wrâldryk meitsje soe. Babylon, Palestina, Egypte, Baktryë, Lyts-Aazje, in part fan de Siten al dizze lannen en folken moasten syn gesach erkenne.
Hiel oars as eardere steaten fan de Assyrjers en de Babyloanjers wie it Perzysk bewâld fan Syrus opmerklik tolerant en stie ek iepen foar persoanen út de ûnderwurpen folken om yn it Perzysk bestjoer opnomd te wurden. De tolerânsje fan Syrus die bliken út it feit dat minsken rjochten hienen dy't op skrift steld waarden. Nei alle gedachten hie dat in religieuske eftergrûn.
Syrus is ek wol bekend ûnder de namme Kores. Sa wurdt er neamd yn de Bibel.