Sylkeninginne

Ut Wikipedy
Sylkeninginne en hofdame 2011

De Sylkeninginne is in Grouster famke dat yn it sylseizoen ambasadrise is by de Wettersportaktiviteiten fan it doarp Grou.

Al sûnt 1971 wurdt der in Sylkeninginne keazen. Betingst is al dat de keninginne yn Grou wenje moat, jonger as tritich jier, sûnder bern en net-troud, leafst hikke en tein yn Fryslân en Frysktalich wêze moat. De kandidaat-keninginne wurdt yn stilte oansocht, de earste tiid waard it dien troch Sypi van der Duim en Wimmie (Wimke) Terra-van den Berg. De sylkeninginne kiest dan sels in Hofdame. Yn de jierren santich spile it uterlik iepentlik in grutte rol by de ferkiezing. Oare jierren moasten dielnimmers in moadeshow rinne op doarpsplein It Grien en it publyk keas dan de winnaresse. Hjirby wie ek in badpakkeronde. Utsûndering wie 1978 doe't de organisaasje in sylwedstriid útskreaun. Yn 2000 wie der by it tritichjierrich bestean in reuny fan âld-keninginnen yn it Theehûs. De sylkeninginne komt by de iepening fan it wettersportseisoen mei it skûtsje Doarp Grou oan op de Nije Kade, de lêste jierren ûnder it gesang fan Shantykoar De Pikbroeken. De ûntfangst is troch in pommerant by Hotel Oostergoo. De Sylkeninginne fertelt dan wat der yn Grou de kommende tiid te rêden wêze sil.

Sylkeninginnen wienen oant no ta:.

Jier Keninginne Leeftiid Hofdame
2019 Janne Heida Fenna Jansen
2018 Akkejant Mink 24 Klaasje Jorna
2017 Martha Dijkstra 22 Sisca Spijkstra
2016 Nynke Sinnema 22 Hanneke Visser
2015 Nynke Rooks 21 Anneke Hoekstra
2014 Thea Andringa Maartje de Goede
2013 Sietske Leijstra Anke Odinga
2012 Jonte Dijkstra 21 Wietske Hooghiemster
2011 Nanneke Hoekstra 23 Marrit Hooghiemster
2010 Hedwich de Groot 23 Nynke Tuinstra
2009 Froukje Tichelaar 22 Krista Engwerda
2008 Hendrike Hoogeboom 21 Ilse Hoogeboom
2007 Sanne Schoonhoven 23 Rixt Wind
2006 Hanneke van den Berg 21 Marianne Kooiker
2005 Agnes Hooghiemster 25 Nynke Tichelaar
2004 Jildou Kaastra 20 Loes Engwerda
2003
2002 Petronella Lok 19 Jantine van der Werf
2001 Roelien Huisman 26 Janny Castelein
2000 Suzanne Hoeksema
1999 Jitske van de Bosch Alie Hiemstra
1998 Alinda van der Bijl Annalies van der Veen
1997
1996 Anke Buitenveld Hanneke de Vries
1995 Margje de Jong Coby Andringa
1994 Greta van der Meer Lutske Terra
1993 Ike Boonstra Janneke Veldkamp
1992 Grietje Biegel-Boelstra 29 Petra Knossen
1991 Grytsje Steneker Anneke Kooiker
1990 Petra van der Zwaag Alineke Spijkstra
1989 Riny de Vries 22 Sjoerdje Andringa
1988
1987 Dineke Wartena
1986
1985
1984
1983
1982
1981
1980
1979
1978
1977
1976
1975
1974
1973
1972 Anneke van Dijk
1971
1970 Riemie Krist