Sybren Klazes Sybrandi

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Sybren Klazes Sybrandi
Sybrandi, "learaar, roppen yn 1807" yn de Doperske tsjerke, Haarlim

Sybren Klazes Sybrandi (Ljouwert, 1772 - Haarlim, 17 juny 1854) wie in Nederlânsk minnistelearaar en - predikant.

Hy krige syn oplieding oan it Minnisteseminary yn Amsterdam en stie dêrnei yn Nymwegen fan 1805-1807 eardat er nei Haarlim ferfarre dêr't er de heit waard fan fan it Minnistelaach Sybrandi yn Haarlim.[1] Sybrandi tsjinne yn Haarlim de tsjerke en de Algemeene Doopsgezinde Sociëteit (ADS) oant syn pinsjoen yn 1849.

Fan 1812 ôf wie er ek lid fan de Teylers Earste Genoatskip. Hy joech syn amt oer yn 1827 en waard dêrnei direkteur fan de Teylers Stichting. Klaas Sybrandi, syn soan, ferfolde dy funksjes letter ek.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. famylje Sybrandi yn de Global Anabaptist Mennonite Encyclopedia Online