Sybrandus Lubbertus

Ut Wikipedy
Sibrandus Lubbertus
Sibrandus Lubbertus

Sybrandus Lubbertus (Langwarden, ±1556 - Frjentsjer, 10 jannewaris 1625 ) wie in teolooch, heechlearaar teology en foaroansteand dielnimmer oan de Synoade fan Doardt (1618–1619).

Lubbertus studearre teology yn Wittenberg yn 1574 en yn Genêve yn 1576, dêr't Theodore Beza ien fan syn heechleararen wie. Yn 1578 studearre er fierder yn Marburg en yn 1580 yn Neustadt an der Weinstraße, ûnder oaren by Zacharias Ursinus. Hy waard doktor yn de teology op 22 juny 1587 yn Heidelberg by Daniel Tossanus.

Lubbertus kaam yn 1583 op oanstean fan Menso Alting út East-Fryslân as ien fan de earste Frjentsjerter heechleararen (1585) wat er fjirtich jier bleauwe soe. Hy stie yn de geunst by Willem Loadewyk en joech de toan oan yn de Fryske godgeleardheid. Hy regele ek tsjerklike saken en sette him yn foar goede seden. Lubbertus wie in geleard alleswitter en in polemist sûnder ophâlden. Sa wie er tsjin de Arminianen, tsjin Rome en de Sosinianen. Boppedat hie er striid mei syn kollega's Drusius en Johannes Maccovius. Troch al syn tsjinstridichheden is Lubbertus faak min te pleatsen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok en M. Wiegersma, red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Lubbertus, Sybrandus
  • Nieuw Nederlands Biografisch Woordenboek II, side (843-849)
  • It Beaken I, (1939) side 172-193
  • It Beaken XIV (1952) side 126-127