Sybrand van Haersma Buma
Sybrand van Haersma Buma (Warkum, 30 july 1965) is sûnt 23 maaie 2002 lid fan de Twadde Keamerfraksje fan it CDA. Op dit stuit is er fraksjefoarsitter yn de Twadde Keamer. Op 18 maaie 2012 waard Van Haersma Buma keazen ta partijlieder, wêrnei't er ein juny formeel beneamd waard. Hy wie beliedsmeiwurker justysje en plakferfangend amtlik sekretaris fan de CDA-Twadde Keamerfraksje. De hear Buma wennet yn Voorburg. Yn de Twadde Keamer hâldt er him ûnder oaren dwaande mei justysje (strafrjocht en strafprosesrjocht, iepenbier ministearje, JBZ-ried) en binnenlânske saken (iepenbiere oarder, feilichheid).
Yn oanrin nei de Twadde Keamerferkiezings fan 2012 stelde Van Haersma Buma him ferkiesber foar it listlûkerskip fan it CDA. Op 19 maaie waard bekend dat Van Haersma Buma dy ferkiezing wûn hie, hy krige mear as 50% prosint fan de stimmen.
Hy is in soan fan Bernard van Haersma Buma en pakesizzer fan Sybrand Marinus van Haersma Buma.
[bewurkje seksje] Funksjes
- Lid Twadde Keamer
- Bestjoerslid CDA Súd-Hollân
- Sekretaris CDA keamerrûnte De Haach
- Riedslid gemeente Leidschendam-Voorburg
- Bestjoerslid stifting fraksjeburo CDA
- Op 12 oktober 2010 is er ta fraksjefoarsitter fan de Twadde Keamerfraksje fan it CDA keazen.
- Op 18 maaie 2012 is er ta partijlieder fan de Twadde Keamerfraksje fan it CDA keazen.