Syb Talma
Aritius Sybrandus (Syb) Talma (Angeren, 17 febrewaris 1864 – Bennebroek, 12 july 1916) wie in predikant en anti-revolúsjonêr Nederlânsk politikus.
Talma syn foarâlden wiene patrysjers yn Dokkum en de famylje hie in bûtenpleats by Ingwierrum. Yn 1887 waard er herfoarme predikant yn Heinenoord, letter stie er noch yn Flissingen en Arnhim.
As minister van Lânbou, Yndustry en Hannel (dêr't ek Sosjale Saken ûnder foel) yn it kabinet-Heemskerk wie Talma ién fan de grûnlizzers fan de sosjale wetjouwing yn Nederlân. Ynspirearre troch Britske kristensosjalisten, wie er in predikant mei gefoel foar de minsken dy't yn 1901 Troelstra fersloech yn it distrikt Tytsjerksteradiel. Hy siet dêrnei oant 1908 yn de Twadde Keamer foar de ARP.
Talma waard by it ta stân bringen fan syn wetjouwing fral tsjinwurke troch konservative leauwegenoaten yn de ARP en CHU. Hy brocht wol de Ynvaliditeits- en Alderdomswet (dy't letter ferfongen wurde soe troch de AOW en de syktewet) ta stân, mar dy waarden earst nei inkelde jierren ynfierd. Nei syn ministerskip en it ferlies fan de ARP by de Twadde Keamer-ferkiezings yn 1913, waard Talma wer predikant te Bennebroek, mar hy stoar al nei trije jier.
Syn ôfbyld stiet op in postsegel yn de searje simmersegels fan 1936.
[bewurkje seksje] Literatuer
- Lammert de Hoop & Arno Bornebroek, 'De rode dominee. A.S. Talma 1864-1916, Uitgeverij Boom, Amsterdam 2010. Yn opdracht fan de A.S.Talma Stichting yn Ljouwert.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|