Swartteistergroukopke

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Swartteistergroukopke
Karłątek ryska.JPG
taksonomy
Klasse: Ynsekten (Insecta)
Skift: Flinters (Lepidoptera)
Famylje: Aureliaflinters (nymhalidae)
soarte
Thymelicus lineola

It Swartteistergroukopke (Thymelicus lineola) is in soarte yn it skaai fan de Lytse Groukopkes (Thymelicus).

Foarkommen[bewurkje seksje | edit source]

It Swartteistergroukopke kin oeral sjoen wurde. Op de klaaigrûnen is de flinter in bytsje seldsumer. Hy libbet yn greiden en rûchten.

Op de reade list stiet de flinter as net bedrige.

Flinter.

Flinter[bewurkje seksje | edit source]

De wjuklingte is 12 oant 14 mm. De wjukken binne ljochtbrún; it liket wol giel. De ûnderkant fan de flinters is swart. De geurstreek fan it mantsje rint oer de ieren fan de foarwjukken.

Fleantiid[bewurkje seksje | edit source]

De flinter fleant fan heal juny ôf oant begjin septimber, foaral tusken 10 july en 10 augustus. It Swartteistergroukopke fleant altyd yn ien generaasje.

Rûp[bewurkje seksje | edit source]

De rûp komt yn april út it aai. Aaien wurde yn groepkes troch it wyfke ôfsetten. De aaikes binne plat en wyt. Fanút in selsmakke kokerke geane se op syk nei iten. De rûp kin 25 mm wurde. It liif is gersgrien mei wyteftige griene linen. De groeiperioade fan de rûp is yn it foarjier en/of yn de foarsimmer. Foar it ferpopkjen makket de rûp in blêdekokon.

De rûp fret ferskillende soarten gers lykas: Knopgers, Weetgers, Fiter, Finnige Koartstâle en Raaigers.

Swartteistergroukopke.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]