Swarthalsdûker

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Swarthalsdûker
Podiceps nigricollis (Marek Szczepanek).jpg
taksonomy
Klasse: Fûgels (Aves)
Skift: Dûkereftigen (Podicipediformes)
Famylje: Hjerringslynders (Podicipedidae)
soarte
Podiceps nigricollis

De Swarthalsdûker (Podiceps nigricollis) is in dûker út deselde famylje as de hjerringslynder.

Foarkommen[bewurkje seksje | edit source]

In folwoeksen Swarthalsdûker is mei sa'n 30 oant 35 sm krekt lytser as in Markol. Hy waaget tusken de 250 en 600 gram. Lykas de Tûfdûker hat de Swarthalsdûker giele earplûmen, mar is te underskieden troch syn swarte hals, wylst de Tûfdûker in readbrune hals hat.
Yn syn winterkleed hat de fûgel donkere fearren, op de ûnderkant wat ljochter.

Fersprieding[bewurkje seksje | edit source]

De Swarthalsdûker komt foar yn Noard-Amearika, Jeropa en Aazje, dit binne allegear trekfûgels. Yn Amearika oerwinterje de fûgels meast oan de kust fan de Stille Oseaan, yn Jeropa oerwinterje in protte fûgels oan de Middellânske See. De Swarthalsdûker komt ek yn Súd-Afrika foar, hjir is der gjin trekfûgel. Dizze soart hat yn tsjinstelling tot de oare fûgels gjin winterkleed.

Swarthalsdûker yn winterkleed

Fuortplanting[bewurkje seksje | edit source]

Lykas de hjerringslynder makket de Swarthalsdûker in driuwend nêst, hy docht dit lykwols faaks yn lytse koloanjes, oant sa'n hundert nesten ta. It wyfke leit meast fjouwer aaien, dy't nei sa'n trije wiken brieden útkomme. De jongen bliuwe nochris trije wiken by de âlden foardat se harsels rêde kinne. De swarthalsdûkers bringe faaks twa nêsten mei jongen grut yn in jier.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]