Swarte Krie
| Swarte Krie | ||||||
|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||
|
||||||
| soarte | ||||||
| Corvus corone |
De Swarte Krie (Corvus corone) is in fûgel út de famylje fan de Kriefûgels.
[bewurkje seksje] Foarkommen
In folwoeksen krie is sa'n 48 sm grut en waaget in 550 gram. Yn krie is in stik grutter as in Ka in ek hielendal swart, faak mei in grienige gloed oer de fearren. Fan de roek dy't likegrut is binne se te ûnderskieden troch de keale hûd dy't de roek om de snaffel hat, ek hat de roek fearren om syn poaten en in swarte krie net.
[bewurkje seksje] Fersprieding
De soart komt foar yn West- en Sintraal-Jeropa en ek yn it Easten fan Aazje komt de Swarte Krie foar. Dêr libbet de ûndersoarte C. corone orientalis. Yn it tuskenlizzende gebiet libbet de Skierroek, dy't besibbe is oan de Swarte Krie, de wittenskippers binne der noch net út at in no in ûndersoarte is fan de Swarte Krie as in aparte soarte. Yn it gebiet wêr't beide soarten foarkomme blykt dat se ek fruchtbere neiteam fuortbringe kinne.
[bewurkje seksje] Fuortplanting
It nêst wurdt fanôf maart yn de foarke fan in beamtûke boud troch beide âlden. De aaien wurde allinne troch it wyfke útbret. De Krieën briede net yn koloanjes sa as roeken en de ka. De blaugriene aaien mei donkere flekken binne in 4 sm grut. De 4 oant 7 aaien wurde in 18 dagen bebret. Dêrnei wurde de jongen troch beide âlden fersoarge, nei in 28-35 dagen fleane de jongen út.
| Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Corvus corone en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten. |