Swangerskip

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Frou yn de swangerskip (26 wiken).

Swangerskip, Swier wêze (graviditeit) is de tastân wêryn in frou (of in oar (sûch)dier) in befruchte aaisel, en dêrnei embryo en foetus, yn har draacht.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Swangerskip by de minsk

Normaal nestelt de befruchte aaisel har yn de liifmoer (uterus). Nestelt de aaisel har earne oars, dan is sprake fan in bûtenliifmoerlike swangerskip (ekstra-uterine graviditeit). Nei skatting 15 % fan de fêststelde swangerskippen einiget yn in miskream. Fan alle befruchte aaisellen giet sels ± 50% ferlern, meastal lykwols al eardat de frou murken hat swier te wêzen.

De groei fan de liifmoer yn de swangerskip

De swangerskip begjint as in aaisel befruchte wurdt troch in siedsel en einiget mei de berte fan it bern. Nei de berte fan it bern kin it seis wike oant inkele moannen duorje eardat de lichaamlike tastân fan de frou werom is op dy fan foar de swangerskip. Dizze perioade hjit ûntswangering (puerperium). Boarstfieding spilet in positive rol yn dit proses, flessefieding kan wer oare foardielen hawwe.

As swangerskip net winske is en men gjin ûnthâlding fan seks hawwe wol, kin gebrûk makke wurde foar foarbehoedmiddels (anticonceptiva).

[bewurkje seksje] Fuortgong by de minsk

Swangere frou nei 34 wiken

Normaalwei begjint it fêststellen fan it begjin fan de swangerskip net by de (ûnderstelde datum fan) befruchting, mar by de earste dei fan de lêste menstruaasje, dy't krekter fêst te stellen is. De datum fan de konsepsje wurdt rûsd op ûngefear twa wiken dêrnei. Sa mjitten is de befalling nei gemiddeld 40 wiken. In swangerskipsdoer tusken 37 en 42 wiken wurdt as normaal beskôge. De perioade fan 37 oant 42 wiken wurdt "de à terme perioade" neamd.

Yn de earste trije moannen fan in swangerskip (it earste swangerskipstrimester) fielt in gedielte fan de oansteande memmen har faak mislik, en kin de rook fan bepaald iten as tige ferfelend fûn wurde. It is mooglik dat dizze tastân it embryo beskermet tsjin stoffen dy't skealik wêze kinne.

Yn de middelste trije moannen fan in swangerskip fiele de measte oansteande memmen har better.

Pas yn de lêste trije moannen freget it bern yn de liifmoer in soad enerzjy: It groeit hurd en nimt ta yn gewicht. Dêrtroch fiele oansteande memmen har gauwer wurch. In swangere frou komt gemiddeld ± 12 kilogram oan (guon oant 25) yn de swangerskip; mar ûngefear ien tredde dêrfan is it gewicht fan it bern sels.

[bewurkje seksje] Witsjes

  • Ungefear twa wike nei de earste dei fan de lêste menstruaasje bart meastentiids de befruchting of konsepsje.
  • Inkele dagen nei de befruchting folget de ynnêsteling (nidaasje) fan it embryo yn it endometrium fan de liifmoer.
  • Nei it útbliuwen fan de menstruaasje is in swangerskipstest oer it generaal sinfol om de dei dat de earstfolgjende de menstruaasje ferwachte wurde soe; foar dy tiid is de kâns op in fout-negative útslach grut.
  • Nei ûngefear sechtjin wiken kin de swangere frou de poppe bewegen fiele (skoppe). By in twadde en lettere swangerskip fielt of werkent de frou soks faak wat earder as by de earste swangerskip, omdat se no wit hoe't dat oanfielt. Yn werklikheid beweecht it bern lykwols al folle earder; guon memmen fiele al beweging foar de tolfde wike.
  • Nei gemiddeld 40 wiken is de befalling.

[bewurkje seksje] Ferrin

[bewurkje seksje] Ynfloed fan smoken en alkohol

In swangere frou

Sawol smoken as it brûken fan alkohol yn de swangerskip kinne skealike gefolgen hawwe foar de gesondheid en ûntwikkeling fan it net-berne bern. Dochs bliuwt ien op de fjouwer froulju drinken en bliuwt ûngefear ien op de fiif swangere froulju smoken.[1]

Alkohol kringt troch de plasenta en kin dêrtroch de foetus skansearje yn alle stadia fan de swangerskip. Bern dy' t bleatsteld binne oan alkohol yn de swangerskip gûle mear, sliepe minder, reagearje letter en kalmearje stadiger nei opwining. Se hawwe gemiddeld in leger IQ, mear learsteurnissen en sosjale problemen. Sels konsumpsje fan minder as ien glês deis kin liede ta in ferhege kâns op groeiôfwikingen, in flapper en deaberte.[2]

Bleatstelling oan deiske hege alkoholdosearrings by de ûntwikkeling fan de foetus kin liede ta it foetaal alkoholsyndroam (FAS). FAS-bern hawwe in groeiefterstân, ôfwikende antlitsskaaimerken en neurologyske ôfwikings. Relatearre oandwanings binne Alcohol-Related Neurodevelopmental Disorder (ARND) en Alcohol-Related Birth Defects (ARBD).[2] ARND liket op FAS, mar dan sûnder de uterlike skaaimerken en ARBD betreft lichaamlike ôfwikings lykas hert-, bonke- en/of orgaanproblemen.

Giftige stoffen dy't ynhaleard wurde troch (mei-)smoken, lykas nikotine en koalmonokside, beynfloedzje de groei fan de frucht. Nikotine liedt ta fetfernauwing en koalmonokside nimt yn it bloed it plak yn fan soerstof.[1] Dêrtroch krijt de frucht minder bloed (dus minder fiedingsstoffen) en minder soerstof. Mei dêrtroch is it bertegewicht fan de poppe fan smokende froulju gemiddeld 250 gram leger. Smoke liedt ek ta ferhege kâns op ûnfruchtberheid: by smokende froulju is de tiid oant de konsepsje gemiddeld 30% langer as by net-smokende froulju. Smoke yn de swangerskiip fergruttet de kâns op in miskream of ierberte. Yn it earste libbensjier fan de poppe is de kâns op luchtwegenynfeksjes en widzedea grutter.[3]

Bern fan froulju yn waans omjouwing smookt wurdt, blike by yntelliginsjetests gemiddeld 'normaal' te skoaren. Mar bern fan froulju dy't sels smoke, lizze gemiddeld minder goede testen ôf. Dat sizze ûndersikers fan de universiteit fan Rochester (VS), dy't by in ûndersyk tusken 1979 en 1983 ûngefear 400 bern belutsen. By it ûndersyk waard rekken hâlden mei faktoaren as dieet, opfieding, leeftiid, komôf en IQ fan de smokende frou. Neffens ûndersikers soe troch it smoken de tafier fan soerstofgas en fiedingsstoffen nei de foetus remme wurde.

Bern fan manlju dy't deis mear as 20 sigaretten smoke, hawwe twa kear safolle kâns op in oanberne ôfwiking (hazzelippe of hertôfwiking) as bern fan net-smokers. Dit soe ferbân hâlde mei it feit dat yn sigarettereek in soad stoffen sitte dy't tige skealik binne foar it erflik materiaal yn sperma. It meganisme om de skea dy't de "frije radikalen" oanrjochtsje te werstellen, wurket net genôch troch de grutte oerfloed fan de stoffen yn de reek. Ek antioksidanten as fitamine C en E en bêtakaroteen wurkje net goed troch dy stoffen.

[bewurkje seksje] Fieding en swangerskip

It Fiedingssintrum hat in list fan fiedingsmiddels opsteld dy't net iten wurde moatte yn de swangerskip. Foarbylden: rau fleis, rôffisken, genêskrêftige krûden, drop.

[bewurkje seksje] Frije by de swangerskip

Swangere frou mei in man.
Swangere frou
Prenataal ûndersyk
Bundesarchiv Bild 183-1985-0409-010, Berlin, Familienszene.jpg

Yn it earste trimester fan de swangerskip kin de frou lêst hawwe fan mislikheid, spuioanstriid of wurgens. Dizze faktoaren kinne derfoar soargje dat de nocht of de wille yn frijen minder wurdt. Ek moatte guon froulju faker pisje, in gefoel dat by de geslachtsmienskip noch fersterke wurde kin. It feit dat de boarsten gefoeliger wurde, makket dat guon froulju it oanreitsjen dêrfan net lekker fine. Oaren genietsje seksueel krekt mear fan dizze ekstra gefoelichheid.

In soad fan de ûngemakken út it begjin fan de swangerskip ferdwine yn it twadde trimester. De fagina wurdt breder en produsearet mear focht, dat lichtsjes fan geur ferskilt mei dat fan earst. In soad froulju fiele har yn dizze perioade gauwer of faker opwûn.

It is in wiidferspraat misferstân dat frije yn de lêste faze (it tredde trimester) fan de swangerskip oanlieding jaan kinne soe ta in te iere berte. Ut koartlyn ferskynde rapporten blykt dat dizze ferûnderstelling ferkeard is. Yn gefallen dat frijen in oarsaak like te wêzen fan in iere befalling, blykte de werklike oarsaak faak in ynfeksje yn de fagina te wêzen. As der gjin sprake wie fan in siikmeitsjende mikro-organismes yn de fagina, like earder oarsom te wêzen: Faker frije late krekt ta minder iere bertes.

It frijen in de klassike posysje, wêrby't de man op de frou leit, kin lykwols wol troch de dikke búk behindere wurde. Dêrom wurde oare stântsjes oanrikkemandearre, lykas de leppeltjeshâlding of in posysje wêrby't de frou op de man sit.

Boarststimulaasje kin resultearje yn de ôfskieding fan Bjist, wat hiel gewoan is mar wat guon keppels steurend fine.

Soms ferbiedt de arts om seks te hawwen. Soks bart meastentiids as der slimme problemen binne by de swangerskip.

Neffens it blêd 'Ouders Van Nu' bliuwt 26% de heule swangerskip frijen. 8% stoppet nei de 36ste wike, 31% stoppet tusken de 29ste en 36ste wike, 15% stoppet tusken de 17de en 28ste wike en 17% stoppet foar de 17de wike.

[bewurkje seksje] Menstruaasje yn de swangerskip

In oantal swangere froulju krijt noch in blieding op it momint dat har folgjende menstruaansje komme moatten hie. Dizze blieding wurdt feroarsake troch it befruchte embryo dat him ynnestelet yn it limoerslymflues. By sa'n implantaasjeblieding is ornaris minder bloedferlies en minder búkkrampen. Bloedferlies yn it fierdere ferrin fan de swangerskip kin hiel ûnskuldich wêze, mar men docht der dochs goed oan yn soksoarte gefal in arts te rieplachtsjen. It kin ommers ek wize op in driigjende miskream, seker as de blieding fûl en pynlik is.

[bewurkje seksje] Problemen, sykten en syndromen yn de swangerskip

Neist boppesteande problemen en sykten, binne der ek problemen dy't yn de swangerskip ûntsteane of slimmer wurde, mar dy't ek foarkomme sûnder swangerskip ( û.o. sûkersykte, skyldkliersykten (hypertyreoïdy en hypotyreoïdy), stjurringssteurnissen, enin soad oaren dy't effekt hawwe op de swangerskip en omkeard).

[bewurkje seksje] Ferskynsels by swangerskip

Ferskynsels by swangerskip kinne wêze:

[bewurkje seksje] Zie ook

[bewurkje seksje] Ofbylden

  1. 1,0 1,1 KWF Kankerbestriding (2003). Kinderen? Stop dan met roken! Parseberjocht 5 febrewaris 2003
  2. 2,0 2,1 Gearfettting fan resinte literatuer oer de gefolgen fan alkoholgebrûk by swangerskip en boarstfieding, Stichting alkoholprevinsje
  3. Rookvrij zwanger: de risico's van roken voor en tijdens de zwangerschap

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen