Sutton Courtenay

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Sutton Courtenay
All Saints Church
All Saints Church
Sifers
Ynwennertal 2.413 (2001)
Polityk
Lân Ingelân
Greefskip Oxfordshire
Regio Súd East Ingelân
Oar
Tiidsône UTC+0
*Simmertiid UTC
Webside Webstee Sutton Courtenay

Sutton Courtenay is in plak en civil parish yn de bestjoerlike krite Vale of White Horse, yn it Ingelske greefskip Oxfordshire. It plak leit oan de rivier de Teems, trije kilometer besuden Abingdon en fiif kilometer noardwest fan Didcot. Sutton hearde by it greefskip Berkshire oant de grinsferoarings fan 1974; der wenje sa'n 2413 minsken.

Ut de skiednis[bewurkje seksje | edit source]

  • 688: Kening Ine fan Wesseks foarsjocht Kleaster Abingdon fan de bûtenpleats (manor) Sutton.
  • 801: Sutton wurdt keninklik, allinne de tsjerke en it hûs fan de pryster behearre ta it kleaster[1]
  • 1086: It Domesday Book fernijt dat Sutton foar de helte oan de kening heart

It nammepart „Courtenay“ waard taheakke doe't Sutton ein 12e ieu besit fan de famylje Courtenay wie.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | edit source]

  • Norman Hall (boud om 1192)[2]
  • The Abbey (om 1320)
  • Great Hall (14e ieu)
  • The Wharf (1913), bûtenpleats fan Herbert Henry Asquith. Dêr waard it beslút dat Ingelân de Earste Wrâldkriich yngean soe ûndertekene.
  • All Saint’s Church (12e ieu)[3]
  • Op it All Saints Churchyard yn Sutton Courtenay binne ûnder oaren beïerdige:
    • Herbert Henry Asquith (1852-1928), Britsk politikus en earste minister
    • Eric Blair (1903-1950), Britsk skriuwer, sjoernalist en kritikus, ferneamd ûnder de skûlnamme George Orwell
    • Franta Belsky (1921-2000), Tsjechysk-Britsk byldhouwer.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Sutton Courtenay en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.


Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. www.british-history.ac.uk
  2. Ford (2008)
  3. Ford (2001)