Springe nei ynhâld

Sunnyside (Washington)

Ut Wikipedy
Sunnyside
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Washington
County Yakima County
Boargemaster Dean Broersma (2021)
Sifers
Ynwennertal 16.375 (2020)
Oerflak 19,49 km²
Befolkingsticht. 861,84 / km²
Hichte 227 m
Oar
Stifting 1893
Tiidsône Pacific (PST)UTC-8
Simmertiid UTC-7
Koördinaten 46° 19' N 120° 1' W
Offisjele webside
sunnyside-wa.gov/
Edison Avenue yn it sintrum fan Sunnyside

Sunnyside is in plak (city) yn de Amerikaanske steat Washington. It falt ûnder Yakima County. Neffens de folkstelling fan 2010 hat it plak likernôch 15.858 ynwenners.

Yn it plak hat in lytse Nederlânske mienskip[1] , wêrûnder ek in Fryske. Der binne twa tsjerken dy't stifte binne troch dizze mienskip lykas de Sunnyside Kristlik Grifformearde Tsjerke (Sunnyside Christian Reformed Church) en de Feriene Kristlik Grifformearde Tsjerke (United Christian Reformed Church).

Yn 'e iere skiednis waard it lân om Sunnyside hinne bewenne troch de Yakama-yndianen. De earste bewenners fan Jeropeeske komôf strutsen hjir sa om ende by 1854 del. Ben Snipes wie in kowedriuwer dy't him delstruts 5 km besuden Sunnyside by de rivier de Yakima. Yn 1893 is it plak stifte troch Walter Granger. Granger wie belutsen by de finansiering en bou fan it Sunnyside Kanaal, dat wetter fan de rivier de Yakima ferfiert foar it wetterjen foar drûge lân yn de omkriten. Mei de ekonomyske Krisis fan 1893 rûn it projekt faai omdat kredytjowers harren werom lutsen en it ynwennertal rûn hurd tebek ta 7 famyljes. Yn 1902 wie it ynwennertal lykwols al wer ferdûbele oant 300. No koe der oer stimd wurde om fan Sunnyside in gemeente (incorporated) te meitsjen, want in plak moat neffens de wet fan de steat 300 ynwenners hawwe. Op 16 septimber 1902 waard mei 42 foar tsjin 1 tsjin stimd ta town. It waaksen fan Sunnyside waard ek befoardere troch de komst fan Baptisten of Dunkards, lid fan de German Baptist Progressive Brethren dy't in grutte tsjerke bouden. Dy woene in Kristlike Koöperative Koloanje meitsje en hja kochten it gânse doarp op. Hja ûntwikkelen de earste bank en tillefoan systeem. At jin in stikje grûn yn doarpsgrinzen keapje woene wie it op betingst it net te brûken foar alkohol, dûnsjen of gokken. Letter yn de 1930er jierren setten der in soad flechtelingen fan de Ferstowings nei Sunnyside ta wenjen. Yn 1917 waard in begjin makke mei it ferhurdzjen fan de strjitten, trochdat troch it wetterjen it grûnwetter peil ferhege waard en de strjitten yn modderpaden feroaren.

in 9410 John Deere Combine harvester typyske meidogger yn de Ljochtparade.
Nôtsilo's oan 'e eastkant fan Sunnyside
Ikoanyske âlde skuorre by Sunnyside
  • Darigold tsiisfabryk
  • Ljochtparade (Lighted Farm Implement Parade)
  • Sunnyside Histoarysk Museum (Sunnyside Historical Museum)
  • Cinco de Mayo, Meksikaansk kultureel feest, om de grutte Meksikaanske mienskip

Yn Sunnyside en omkriten ferskynt it deistich nijsblêd Sunnyside Sun.

Bekende Sunnysiders

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sunnyside, Washington fan Wikimedia Commons.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]